Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Mar det dy hjar den j immer stilhold, en det er hjar, as se ris togearre wieme, sa fier net krije koe, det se in kwea wird fen 'e boer sei, det koe Jurjen net sette. Dimmen en bidaerd, goed wêze, det wier to priisgjen yn in minske. Hysels bleau ek lang goed. Mar om yen

ivich en erflik ütheuvelje to litten, en neat werom to sizzen

dêr moast hwet efter stykje. As er mar ris fornaem, det hja it sêd waerd om in man to tsjinjen dêr't men nin goed by dwaenkoelDen scoed er hjar opslach freegje om by him yn 'e lange hier. Hy koe wol arbeidzje; hy scoe 't brea wol fortsjinje for twa, en as 't wêze moast for wol mear. Mar Antsje bleau deselde; ja, hja hold de boer syn wal earder op, as det se him leechlei, — en Jurjen doarst it net oan om hjar to sizzen hwet er op 't herte hie.

Sadwaende waerd er nammersto fortrietliker

De haeijing kaem wer oan For Tsjalke Teades wier de drokte in treast, in frjeondinne yn syn iensumens. Hwent iensum wier er yn 'e léste tiid, tige iensum ; dêr hied er hinder fen, en it herberge-rinnen koe der neat oan foroarje.

Sa wirch as in maits kaem er op in jountiid ut it haeilan thüs. Hy foei del op 'e selde bank foar hüs, dêr't Antsje op siet do't Jurjen hjar safolle nijs to fortellen wist Nin fiif stappen fen him óf boarte lytse Teade yn 't hóf. It wier nou in boike fen fiif fearnsjier; hy bigoan al aerdich to rinnen, al stied er yette hwet hoattel-stoattelich op 'e skonkjes. Lüd skattere er it ut, as it houten hynderke op tsjillen, det er loek, omfoel; dêr like er in hopen wille mei to habben.

Mar in berne aerd is ünbistindich; it dürre net lang, do hied er syn nocht dêr ek wer öf, sa 't like, en seach nei hwet oars om.

Sjuch, dêr stiet in moaije giele hynsteblom; dy moat er ha! Mar der flak by leit in grouwe roastige spiker. Sa'n ding hat er wolris earder sjoen; Jurjen hat yn 'e skürre in hiel bakje fol fen det boarters-

reau de lytse han taest der nei, en pakt it beet, — de blom

is forgetten.

Tsjalkeboer hat it tafallich sjoen. Hy ropt it jonkje en nimt him op 'e knibbel.

It is de earste kear det er soks docht.

Sluiten