is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

„Kom hjir ris, lytse streupert! Dou bist döchs ien ut it echte laech!" seit er lüd, wyls't er it bern nei him ta hellet. „Dou scitte skieik in baes keardel wirde, en in fikse boer!"

Né, hy is dóchs sa hird net as er yen faken oankomt.

Fen it jonkje geane syn eagen nei de hüsfrousfaem, dy't krekt nei de wal giet, en de earden amers op 'e amerbank bringt. It haget him wol, det hja sa iverich is, en sa fen opredden wit.

„Libbe myn wiif yette, en de lytsfaem forgeat de amers, den bleauwen se fennacht op 't stalt stean," tinkt er. En hy nimt foar him om net wer sa slim tsjin Antsje oan to gean, en syn jonge altomets ek ris oan to heljen.

Ho lang scoed er det üthalde ? Unkrüd wylget net, foar't de woartel

net oantaest wirdt, en dy't sprekken wend is, fait swijen swier!

* **

En it bleau moai sinneskyn waer, de hiele üngetiid troch.

Moarns ier en bytiid, as de skiere nacht lyk in deiljachtskouwe tsjoenster nei it westen üntwike, en de griene greide stadich oan üt 'e dauwe-sé omheech tilde, teagen de haeijers nei 't lan en hellen gear hwet de natür fen hjar rykdom joech.

De boer fen Müntsepölle wier oeral foarenoan mei by. Mar de treast en de tofredenens dy't er oars yn 't drokke en beuzige fen 't boerelibben plichte to finen, bijoegen him allinken-wei.

Hy wist seis net hwet him dreau, mar iensum en allinne wier er, tige iensum

Under dizze omstannichheden tocht er der fensels wer faker oer om in wiif to nimmen. Mar hwa? Det siet him yn 'e holle; hy wier stilder en stymsker as er ea west hie, en wrotte sa hird as er koe.

Jurjen moast ek poat-oan spylje, hwent de boer siet elkenien efter 'e boksen, en him net it minste. Nammersto slimmer waerd it mei de feint syn fortrietlikens; it wier raer sa't er krimmenearje koe. Hy krige geandewei mear in hekel oan Tsjalke.

„De boer is in earste gjirremyt; hy kin yen einliks net jaen hwet yen takomt, en den docht men ek noch noait genöch, nei syn sin,"