is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

topke hea binnen doarren wêze! Mei de haeijing trof er 't nou it léste jiertwa döchs mar tige bést, det koed er net oars siZze.

Nei iten kaem er ta de milhüsdoar üt, mei lytse Teade op'e earm. Efter op 't hiem stie de lege haeiwein, dêr't er mei nei 't lan scoe. Teade klapte yn 'e hantsjes, en geide it ut, do't er seach ho't de run, dy't oan 't tiksel boun stie, mei de stirt omswypke, om him de miggen fen 'e bealch to halden.

Tsjalke bitocht him efkes.

As er de jonge ris meinaem? Hwerom net? Hy wier grif mei in pear üre werom; it moast mar wêze.

„Dou giest mei heit, hear!" sei er. „Dou scitte de léste weide mei ophelje!"

Mei-iens tilde er de boi oer 'e sydberje, en sette him op 'e wein del.

„Hoatske! siz aenstouns ris tsjin Antsje, det ik de jonge meinomd ha!" róp er tsjin 'e lytsfaem, en ried foart, nei de toalve, dy't gans in ein büte laei. Tsjalkeboer üngetide fen hüs óf, sa't me det neamt, lyk as de measte boeren dogge. Dit sizzen is nou ris suver en allinne boere-irysV-. de fryske lêzer dy't it haeilan allinne fen fierren sjoen hat, scil 't licht net bigripe. Sa'n ien ta geriif siz ik, det men ek nei hüs ta üngetiidzje kin, den moat er seis mar for neijer forklearring riede.

By de iennichste reak dy't der yette yn 'e toalve op thüsheljen wachte, hold Tsjalke stil. Syn fêste arbeider wier dér flak by oan 't stirtswyljen. Jurjen, de losse arbeider, en de beide poepen dy't er oan 't wirk hie, wieme thüs oan 't weinleegjen.

Hy krige Teademan fen 'e wein en sette him in ein óf plat op 't gat oer 'e groun. De boi hie wol skik yn 't libben; hwet wier 't hjir rom, en hwet wier alles fier, fier öf, hiel oars as thüs yn 't hóf....! En ringen kamen fen alle kanten michjes en gêrshippers;

dy dounsen om him hinne, en songen hjar lietsjes for him né,

sa'n wille hied er net earder hawn! Hy formakke him tige.

Underwilens wieme de beide manljue drok oan 'e slach. De arbeider stiek op, en Tsjalke seis loege.

Swijend wrotten hja troch. Ojin ien fen beiden mirken se, ho't dér jinsen yn 't suden, oer 'e Qaesterlanske bosk hinne, in pear skierwite