is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

tongerkoppen opsetten kamen, al heger en heger, al swarter en swarter .. .

Mennich switdrip foei yn 't hea, ear't it léste foarkfol op 'e wein siet. It wier in swiere weide wirden; der wier wol goed trije kertier mei wei gien. De jonge boer püstte efkes üt foar't er de püntsjert oankrige, en fage it swit fen 'e foarholle.

Do seach er ris om him hinne.

Teade siet yette to boartsjen, op 't selde plak dêr't er him delset hie. Mar... — hwet wier det nou? Scoed er to gau bliid west ha? Gotskes noch ta! hwet stie de loft wreed, dêr oer 'e poel. En dêr tongere it ek al; fier wier 't net mear óf. Oanmeitsjen wier 't boadskip!

,,Lit it steal mar lizze, Haeije!" sei er hastich. „Sjuch dêr ris in tongerbui opkommen! As wy thüs wêze wolle, foar't wy 't hjir ha, wirdt it heech tiid om foart. Jow my de püntsjert mar gau!"

Fiif minuten letter liet er him by de efterbine delsakje.

De loft kaem öfgryslike hird op; de slaggen hearder ho langer ho tichter by, en folgen foart oaninoaren. It moeide Tsjalke nou heislik, det er de jonge meinomd hie. As er de weide mei nei hüs ha woe, dürre 't in goed healüre ear't se binnendoar wieme. Dêr by de daem stie de lege wein yette, dy't der jister steanbleaun wier; naem er dy to bate, den hoefden se der mar in kertier to riden. Mar den bleau de weide yn 't lan stean fensels, en det wier al bigreatlik; it hea waerd

sa wiet as dong.

In amerij stied er yn birie. Hwet scoed er?

Dêr wierne de foarütrinders fen 't swier waer al. Wïffe twjirren wyn, dy't in pear greate reindrippen meibrochten, strieken oer 'e poel; 't wier krekt as huvere en trille it glêdde wetter; 't wier as woe 't him to skoar sette tsjin 'e waechsjende krêft fen't spükerich munster det de natür üt hjar rêst reage. De koelte sette hird troch; hieltyd fierder büge it reid syn biplomme koppen oer 't string; hieltyd lüder rüze en klage de wynharpe der yn. Greate keppels skierstirnzen, dy stoarmfügels fen üs binne-wetters, skreauden en kreauden yn inoar

om. 't Fé bigoan to aljen.

„Mei de lege wein den mar! Nimme jy it hynsder; ik ha de hannen fol oan 'e jonge!" Tsjalke wier üt 'e rie. Mei 't bern yn in