Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

tongerbui büte, det bitroude er net. Al ho graech er de weide thds hawn hie, yn 'e Godsnamme! dy moast den mar stean bliuwe!

Mar syn goed sin wier foart, en Teade waerd bang en bigoanto gülen, do't er as in heap fodden oppakt waerd, en de boer it op in draven sette nei de daem ta.

„Hird oanjeije," sei er tsjin Haeije, do't er, alhiel efter 'e siken, oankaem. „Ik gean mei de jonge midden op 'e wein sitten.

Dêr boldere it hinne oer 'e droege modderreed.

„Krekt foar't de bui hjir is, kinne wy thüs wêze," tocht Tsjalke.

It scoe lykwol oars biteare.

Samar yn ienen waerd it blakstil; 't wier krekt as hold it swier waer de siken yn. Fen siden, op 'e poel, oan 'e südkant, klonk it

razen fen 'e rein.

Dêr in wite ljachtstriel spjaltte it swarte swirk; foart dêr-

oan rattele de slach skerp en eang oer 't wetter. Kjel skrille de run

tobek, efkes krige er de sile tsjin 'e iene efterpoat oan do

kreaken de sydstringen, sa füleindich foei er yn 'e beage. Dit roan mis; Tsjalke seach 't oankommen.

„Halde! halde!" röp er tsjin Haeije.

Mar Haeije wier nin hyngsteman; do't de run taskoerde, liet er

de leije slüpe

En dêr gyng it los. Op 'e dolle rus fleach it bist foarut. De wein gierde efter him oan; alle amerijen koe de hiele boel yn 'e sleat njunken 'e reed to lanne komme.

„Hou! hou! hou!" skreauden de beide manljue, — mar omdöch! Op 'e rin, - en det mei in lyts bern fen yette nin oardeljier by hjarren!

Bleek as in wytling siet Tsjalke op 'e wein to halden en to kearen. Mei de iene earm treau er de jonge stiif tsjin him oan; mei de oare liet er de hiele hüd foare op 't stökramt hingje; as det efter 'e klampen fen 'e sydberjes wei wipte, kaem it mal.

Haeije kaem wer hwet ta himsels. Hy sloech de hannen oan wearskanten om 'e sydberjes hinne, en hold mei alle macht de foet op 't tiksel, tsjin 'e bügel oan. Sa koed er der yet in bytsje bistjür yn halde.

Sluiten