Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

De earste daem dêr krige er de wein sünder üngelokken troch; as 't

him by de twade ek sa goed slagge mar o hearken! de

smelle barten oer 'e mounle-ier, flak by hüs! As't hynsder foartiid net stie, gyng 't forkeard

En wer roannen de loslitten krêften fen 'e natür mei boarstend gewelt op inoaren yn en spei it swirk fjür; wer rölle en davere mei

lange wearklank hjar bringsjend lüd boppe 't oerstjüre libben

En gystener stou de run foarüt, troch de twade daem hinne, op 'e barten ta yette in telmennich

Antsje wier drok dwaende yn 'e foarkeainer, sa kaem it, det hja fen 't hiele swierwaer earder neat mirk, as do't hja de wyn rüzich oangean hearde yn 'e linebeam.

Hastich krige se de tobbe üt 'e skürre, en gyng efter hüs, om it güd fen 'e line to heljen foar't it wiet waer waerd. Mei noed tocht hja om lytse Teademan. 't Wier ek in raer ding fen 'e boer, om it bern mei to nimmen; hy wier ommers yette fiersto lyts en to noedlik om lang ünder frouljueshoede wei! Scoene hja al op kommende wei wêze? Oars waerden se grif trochwiet, dy lytse siel ek, hwent de loft stie as de bare sé, en jinsen oer 'e poel reinde it al. Fij, itjonkjekoe der wol in sykte fen skypje!

Hja fierke it lan oer, de kant fen 'e toalve üt. S^ach se dêr fier net in hynsder-en-wein oankommen? Ja hear, det wierne se, grif! Nou, den koene hja yette thüs wêze foartiid, miskien.

Dêr wier de earste grouwe slach al. Hwet scoe Teade bang wêze

Mar hwet is det? Hwet giert dy wein hinne en wer, en hwet

springt de rün raer! 't Is nin goed spil scoene se.... scoe't hynsder

op 'e rin gien wêze for 'e tonger? O Heare!

It giet hjar kald by de rêch del. Mei de eagen yn 't wiidst iepen stiet hja dêr efter op 't hiem, en sjucht alles: ho't de wein troch de earste daem slingeret, ho't de rün by in nije swiere slach yet hirder oanset, en de twade daem trochfljucht mei koegelsfeart....

O! de barten! de barten!

Hwet scil hja bigjinne? Is der den neat, suver neat ja!

Sluiten