Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Hja is yn ienen biret. 't Komt hjar yn 't sin det in hynsder, as 't op 'e rin is, ornaris foar in tichte hikke ef sa stean bliuwt.

Hja fljucht de reed del. Yn in omsjuch is se oer 'e barten, en yn 'e yester, dêr't de reed trochhinne rint. Gauwer as 't sein wirde kin, hat se de ald püntsjert, dy't de yester slüt, as, ünder melken, de kij der yn binne, opnomd, en yn it tou hinge det oan 'e peal fen 't stek sit. Hja bliuwt der efter stean. Giet er troch, en de touwen brekke, ef de püntsjert knapt öf, den scil se him seis tsjinkeare. Ho, det wit se net, mar hja docht it grif. Hwent op 'e wein is hjar lytse Teade,

en lytse Teade syn heit ek né, né! om dy bringt hja hjar

libben net yn gefaer, det üntstriidt se hjarsels, det is sa net!

Dêr komme se oan bolderjen. 't Herte stiet hjar stil. Nou

godtank! de run bigjint syn gong to minderjen, al mear en mear; hy hat

de püntsjert sjoen. Nou draeft er gewoan nou is 't stap

hookstrooks stiet er stil, triljend oer al syn lea.

Godtank yetris!

Tsjalkeboer springt mei de jonge efter fen 'e wein, en giet op syn hüsfrousfaem ta, dy't yn 'e yester tsjin 't stek oan stiet. Nou't it gefaer foarby is, is hja lang sa ekstrant net mear as niis; hja is o sa bleek en kin hast net mear op hjar foetten stean, sa hat de skrik hjar to pakken.

„Dêr wieme jy mar pas ier, Antsje!" seit de boer bidaerd,enhy wol hjar de jonge oer rikke. Hy, de sterke man, hat it bistjür al wer oer syn sinen, ef einliks, hy hat it net kwyt west. Nou't er lykwol sjucht ho wankel eft se op 'e foetten stiet, haldt er de jonge seis op 'e earm, en seit frjeonlik, wyls't er oer 't stek kladderet: „Kom, gean mar gau mei yn 'e hüs; jy binne tige kjel wirden, sjuch ik wol."

Ja, hy sjucht det hja kjel wirden is. En hy sjucht ek mear, en lit it efkes, hiel efkes mar, yn him omgean. Hy sjucht it sêfte ljacht fen greate blidens yn hjar eagen; hy sjucht in pear triennen by hjar wangen

del röljen Ho'n noed stiet hja net for syn bern, det krektsa de

earmkes nei hjar ütstiek en ophaldt fen gülen, nou't er by hjar is. Hwet moat hja net ütstien ha; hja wist det de jonge op'e wein wier!

Ef scoe hja faeks ek yette om in oarenien tocht ha?

Sluiten