is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

V.

Ho wier it sa fleurich om hüs en hear ? Ho bloeiden de blomkes sa moai, ho wieme de gêrskes sa grien, ho sykhelle il sa rom, lyk as oars allinne yn 'e maitiid? Ho wier 't sok sêft sinneskyn-waer, en ho laei der sa'n libbene, sa'n laitsjende gloede, sa'n myld ljacht oer 'e mieden, krekt as om Peaske hinne? De protters yn 'e ald linebeam wieme sa lüd, as wieme se jister üt it fiere suden wei werom komd. Alles wier sa oars, sa nij.

Det tocht Antsje, do't hja in deimennich letter op 'e bank bütedoar siet, mei de jonge op 'e skerte.

En it wier sa. It wier oars wirden op Müntsepólle.

De boer wier lang sa koart en hounsk net mear. Syn stegens en stymskens hie 't plak romme for goedlikens en gollens, — alteast, it like sa.

Sünt er mei syn iennichst bern by him sa faei west hie, wier 't boike him alles. To'n earsten seach er nei him, likernóch sa't in keken jong frouminske sjucht nei in djür stik pronkgüd, det nin stjitsje féle kin, ef it fait oan diggels. Faken koed er it ha, den roan er üt syn wirk wei en kaem efkes yn 'e hüs; as er den de jonge mar sitten seach to boartsjen ef sa, den wier 't goed, en hy gyng syn gong wer. Det lytse bern noedlik binne, dêr hied er foartiid noait gjin omtinken oer, — tsjintwirdich like er wol bang to wêzen det er Teade sa mar yn in omsjuch kwyt reitsje scoe. Sa wier 't de earste deimennich nei it trammelantsje mei de lege haeiwein.

Neitiid bigoan er wakker mei him to praten en oan to gean. En hy bigoan niget oan himsels to krijen, sa'n slach hied er der fen om mei 't bern to boartsjen. Hy naem de pet óf, sette him de jonge op'e lytse poalle, en lake det er skodde, as er der oan 'e noas ta yn weisakke. En hy lichte de pet op en sei pi-bah, krekt as oare ljue dy't mei hjar bern omdideldeinten, dingen dêr't er faken mei argewaesje nei sjoen, ef alteast ünforskillich syn eagen öfdraeid hie. Ja, yn in oerdwealske rite treau er him syn houten pipe yn 't mültsje; wol hwet in healwiis dwaen, det Teademan lykwol de gelegenheit joech om to biwizen sa