Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

klear as ljachtskyndei, det lytse minsken jamk in hopen wizer en better fen oannimmen binne as greate, — hwent hy hie foartynienen al foar 't forstan det it in toskebiter wier, en gniedde syn bést.

It joech for 'e boaden ek in hiele omkear, det de boer sa bidaerd en evenredich wier. Binammen for Antsje. Dêr koe er it yn e léste tiid mar danich mei roaije, sa 't like. Hy mis-sei hjar nin wird en bihanle hjar krekt as wier se in rike boerinne, ynpleats fen in earm faem.

En nei de bürren gyng er net mear; hy bleau jouns thüs. Den wier er wakkere praetsk; hy gekjage mei hjar, as wier er frijfeint. Hied er oars altyd hwet to snakken hawn oer hjar wirk ef sa, nou wier 't him allegearre like goed.

Det bikaem Antsje tige nij; hja wist suver net hwet se der oan hie. Ja, forline snein hied er de alde, rüch en grien biskimmele harmoanika fen 't bêdsboerdtsje krige, en spile fen „Dou, dou biste myn Anke," en fen „Jelle Nijboer." Dêr hied er hjar al mar by oansjoen. Scoed er hjar faeks miend ha? En hied er hjar ek net oan knypeage

Do't hja dy deis nei thédrinken de boel hwet oprette, en de ald harmoanika syn plak wer joech, foei hjar it each op 'e statebibel mei koperen heakken en rannen, dy't op it taffeltsje nést it kammenet stie, for pronk.

Dêr wirdt de Hageners neijown, det hja ünder iten in houten skinke op 'e tafel stean ha, net om der fen to brüken, mar mear for 'e sjeu. In statebibel is de houten skinke op 'e Friezen hjar geastlike tafel. Hy is fen buten üngelikense folie hilliger as fen binnen, alteast neffens us krasse hüshaldsters hjar bitinken. Dy soargje, det men yen oan 'e glêdwreaune learen ban en it moai oppoetste koperwirk wol sêd sjên kin. Inkeld ris, by in brilloft, nei in waldreis, ef by in sterfgefal wirdt de houten skinke iependien en kwattelet in stive han der mei in forroaske pinne in mennich wirden yn, op it foarste ef efterste blêd. En 't kin ek biteare, det domeny der in haedstik üt foarlêst, as de man hüsbisiik docht. Mar hy is oars fiersto goed om for dageliks gebruk oanstitsen to wirden.

Op dit aldmoaddrich stik hüsrie foei Antsje it each den nou. Ut nijsgierigens krige se it fen 't sté, en die de heakken der óf.

Sluiten