is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

himsels nin baes bliuwe. En in minske' herte dêr habbe sêftens en wredens, ljeafde en hate, goedens en tsjoedens hjar sa yn gearkrongen, det de iene eigenskip gjin finger yn 'e yeske stekke kin, ef de oare wrot him tsjin. En dêrom habbe party minsken alles by riten, en moat hjar gelikens yette foun wirde, hwet wiffens en ünbistindigens oanbilanget.

De boer fen Müntsepölle hie altyd wakkere bistindich west, det is to sizzen: yn 't noartsk en stymsk wêzen. Der wier in bulte goeds yn syn herte, mar it laei op 'e boaijem, en it wier jimmeroan ünder bleaun, dêr hiene de omstannichheden nei west. Hookstrooks wier it döchs boppe komd en in hiel toarn die it tsjoede omdöch writen om wer oan 't wird to kommen.

It wier öfleanne, sa 't like.

Mar scoe it dêrom de striid forlern jaen? Den hie it tsjoede net tsjoed, en it slachfjild nin minskeherte wêze moatten!

De oanhalder wint troch 'e bank. Njunkelytsen takke Tsjalke Teades syn goedens en gollens óf; en gau wier er deselde man wer. Allinne for syn bern bleau er fen distiid öf sa goed as in heit wêze kin. It wier, as woed er it jonkje nou dübeld taparte, hwet er him yn 't foarige to min jown hie. Mar oars wier 't wer „muizen"; hy gyng folie nei de herberge, en yn 'e hüs wier der nin lan mei him to bisilen. Binammen de hüsfrousfaem moast it wer üntjilde, ja, itlike hast wol, det er himsels twong om hjar sa faken as er koe dwerse kneppels foar 'e skinen to smiten en üt to füterjen.

Antsje hied er nin wille om.

Mar Jurjen wier bliid.

„Hy is döchs yette deselde greatskert en gjirremyt fen altiden!" tocht er. „For de jonge mei er him hwet foroare ha, det is op 't lést syn eigen skaei ek, — mar Antsje is him to min, krektlike goed as det elk dy't nin jild hat, him to min is. 't Scil wol net lang mear oanhalde, den tsjucht er wer om in wiif to fjild!"

Jurjen koe wol gelyk ha. Alteast, forline snein hie de boer der op üt west. Alderwenst hied er tsjin nimmen sein hwer't er hinne gyng, en de jouns wier er tige let thuskomd.