is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Antsje stie de oare deis krekt op 't bjinhout oan 'e wasktobbe, do't Alle winkelman it hiem opkaem, en hjar frege eft er dy deis ek hwet oanbringe moast. Yn 'e greidhoeke geane de winkelljue moarns by de huzen lans om güd bisteld to krijen; letter op 'e dei wirdt it brocht. Op 'e bolrinsters nei binne hja de béste kranten fen 't Fryske Wetterlan. Hja habbe troch 'en tiid in hopen nijs for hjar mingers, tominsten for sokken dy't hwet op 'e romte wenje. En hwet se by de iene opfandelje, reitsje se by in oaren ien wer kwyt. Om't se fearskippers binne, en sadwaende alle Tiisdeis nei Snits geane, witte se ek krekt to sizzen, hwet der op 'e merk omgien is. Fierders keapje se skieppebleaten, pinkehüden, ljippe- en hinne-aeijen, wrakke ef skriemerige tsjiis en al sok ding op, al nei de tiid fen 't jier fensels, en binne troch 't hiele jier hinne fêste kofjedrinkers.

Alle hie diskear ek wer nijs. Wyls't er fiif poun moal, trije fean thé fen 't beamke, en in fiifkop grauwe earte yn syn boekje opskreau, sei er:

„Det scil hjir by jimmes skieik ek in hiele foroaring jaen, hen?"

— „Ho nou sa?" frege Antsje.

„Hea, witte jy det net? Jimme boer hat it ommers forsjoen op Tys Rimmerts' widdou, dy't dêr yn 'e Bant wennet?"

— „Tys Rimmerts' widdou?"

„Ja, harkje jy dêr sa nij fen op? Hy hat der snein west; ik wol leauwe, hja habbe de boel al foarinoar."

Antsje büge hjar fier oer 'e tobbe hinne; in oar hoefde net to sjên hwet der yn hjar omgyng. Hja biklonk suver, en de lea staetten hjar oan, sa ünforhoeds kaem hjar dit oer. It dürre lykwol mar in amerij; hja twong hjarsels om bidaerd to bliuwen. Ho wier se der ek bykomd om ... Hja waerd lilk op hjarsels, det se sa sleau wêze kinnen hie!

Mar det foroare döchs neat oan hjar fortriet. Wankel steunde se op 't iene hansel fen 'e tobbe. It skimere hjar sa raer foar 'e eagen, krekt as waerd it nacht; it wier hjar as gyng de sinne foart, forgoed, for altyd; it süze hjar yn 'e earen Tsjotteren de protters yn'thöfnet mear? Ja, döchs, mar it harke hjar ta as it weiwirden fen lok en libben; hieltyd fierder öf wier 't.