is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Ik gean net to merke," sei se do koart, mar net ünfrjeonlik.

Eikom, hwerom 'nt? De boer scil'tjo net wegerje om in joun frij, en de lytsfaem kin wol op 'e jonge pasje salang, ef oars Haeije' Griet. Jy sitte al fiersto folie thüs; jy binne jong en moatte ek ris

fen 'e pölle. Ef wolle jy my faeks net ha, net ienris ta... merke-

feint?" It léste klonk hwet rou.

„Jo like goed as in oaren-ien. Mar ik wol net."

— „Né, det is 't him net! Jy ha ljeaver ien dy't hwet tsjepper en kreazer is as ik.... it ljeafst üs boer....!"

„Jurjen!" Hja gyng oerein.

Jurjen seach yn, det er to fier gien wier. Hja waerd lilk, en det wier him earder skea as brea. Dêrby, it hie syn doel net west, om hjar mei 't ien ef 't oar to misledigjen; dy hirde wirden wieme him al ta de müle üt, foar't er der om tocht.

„Antsje," forfette er bidaerder, wyls't er ek stean gyng, „gean mar mei my, hwet scoe det nou? Meiskien koe 'k ek wol in oaren-ien

fine, al bin 'k hwet ünsjuch en forwoechsen, mar " Hy koe him

net langer ynhalde; syn lüd waerd heas en trilderich, do't er trochgyng: „Mar ik wol se ommers döchs net ha, nin ien net! Ik wol dy ha, dy

allinne, fanke! Wolste? To!"

Wier Jurjen hjar yn 'e earste tiden det se kinde oaninoar hiene, mei sok ding oankomd, den hied er blau krige, forgoed ek. Den hie hja him sein, hwer't er him oan to halden hie. Net mei lilkens, né, yn goedens, mar döchs wol sa, det er fornimme kinnen hie, det it tinken wier. Al hie der nin Tsjalke Teades op 'e wrald west, him hie hja döchs net ha wollen, ek net for in inkelde kear to merkehalden.

Mar sa't it nou stie, seach it der in hopen better üt for 'e feint.

Antsje wier ien fen dy inkelden, hwa't it eigen leed in spegel is, dêr't hja yn sjugge, ho swier eft in oar oer sines töget. Jurjen wier fierders hjar iennichste frjeon ek; einliken wier er büte him nimmen, dy't him hwet oan hjar gelegen lizze liet. En den, hja woe de boer fen Müntsepölle ek wol ris sjên litte, det se net om him forlegen siet,

en wille ha koe mei in oaren-ien. Wille ? God noch ta! Né,

wille net mar hiene hjar jonge dagen hjar net leard, det in