is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

earm minske him mar sünder wille rédde moat? En earm wier hja, earm en forlitten, krekt as Jurjen. Fen det oangeande koene hja wol by elkoar.

En sadwaende, heal üt meilydsumens mei de feint, heal üt fortrietli-

kens, joech hja hjar tawird.

Mar de wize dêr't Jurjen syn blidens op utere, makke hjar kjel. Wirden fen ljeafde mocht hja döchs net hearre, üt syn müle net.

Hja hie wol graech wollen, det se mar né sein hie. Lykwol, de koegel wier al troch 'e tsjerke. Om foar hjar wirden omlizzen to gean, safolle moed hie se net.

***

De earste merkedei, en dêrmei de drokste merkejoun, wier komd. Nei melken kaem alles üt 'e omkriten wei op Greongea ta setten. Yn 'e greate jachtweide by Boanstra's gyng it der drok oan wei; de spylljue hiene mar amper tiid to sykheljen, sa waerd der dounse. „Skotse! skotse!" klonk it daelk, as se de strykstök in amerij hjiljoun joegen, — en dêr sprong it jongfolk wer hinne, wyld en gysten, sa't

der to uzes dounse wirdt.

Jurjen en Antsje wieme der ek to finen. Skotse koe Jurjen fensels net, mar hy mocht der graech ris nei sjên. Op dit stuit stied er by de' tapkast, mank in heap oare feinten, en die syn bést om hwet

machtich to wirden.

Antsje siet fen siden oan in taffeltsje. Folie merkewille like hja nou just net to habben; hja siet stiif foar hjar üt to sjên. Hwer't se hjar tinzen hie, wier slim to rieden, mar net by 't lüd gerop en gekring om hjar hinne. Hja sjucht yn nije wike, tocht Jurjen, as er altomets ris omseach. Hja foei him neat ta; hja wier hjoed de hiele dei al sa stil en sa bleek!

Ja, stil en bleek wier se. Jister hie se de boer frege, om joun de doar üt. „Ik scoe mei Jurjen merkehalde, wier 't plan," hie se der by sein. Hearken! hwet hied er dêr raer by opharke, en hwet

hied er frjemd west! „Mei Jurjen?" hied er frege. „ho is 't "

Do hied er him ynboun, mar skodholle, en hjar lang oansjoen, sa