is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

„En ik helje myn hüsfrousfaem op! En dy scil 'k moarn dyn lean bitelje, den kinst opslach oprukke! Ik wol dy nin üre langer yn 'e hus ha as 't nedich is."

— „O! stean 'k de boer faeks yn 'e wei? Ha, ha, ha!" hünde de feint.

„Foart!" röp Tsjalke, en hy ünderhelle de fust. „Foart, üt myn eagen, üngeloksaeijer!"

Jurjen skrille efterüt, minder om 'e fust, as om det léste wird.

— „Det scil 'k dy yndruije, Tsjalke Teades!" skreaude er pürrazen. „Ik scil dy fine!"

Foar't Tsjalke wer hwet sizze koe, laei Antsje him de han op 'e earm. Det wier foldwaende; it moeide him daelk, det er sa fier gien wier.

„Ik scil dy neat mear mis-stèze," forfette er bidaerder; „miskien ha 'k al to folie sein. Mar dou moast der my ek net op fergje!"

Do kearde er him om, en liet syn feint stean. „Kom mei, Antsje!" sei er.

* .

* *

Dy nachts wier de boer fen Müntsepölle de léste dy't op béd gyng. Hy koe hast nin rêst fine, sa 't like; 't wier al in great üre oer middennacht, do spaende er yette om. Einlings en to'n lésten scoe 't wêze, mar foartiid teante er yetris nei 't milhüs, en bleau foar 'e keammerkedoar stean to harkjen.

Hy hearde sêft sykheljen. Allinne de ünskild, dy't nin gefaer

ealget, sliept sa scoe't it bern wêze, ef wier it Antsje? Like

sunich as er komd wier, gyng er werom.

By 't ütklaeijen skodholle er oer syn eigen dwaen. Mar it jonge herte waerd dochs de alde, stive kop wer baes, en Tsjalke Teades tocht him oer in pear moaije blauwe eagen yn 'e sliep.

VIII.

De earste merkedei wier for ljue dy't ris in inkelde kear hwet wille meitsje woene; de twade for güds dy't jild en tiid beide gram wieme en net arbeidsje woene salang as se yette in sint yn 'e büse