Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

hiene. Op Müntsepölle wieme der sokken iroch 'en tiid net, dêrom gyng dêr alles syn alde gong wer. Elkenien wier wer by de wirken.

Elkenien — det is to sizzen: op Jurjen nei, dy't de nachts foartiid, nei't er sa'n spil hawn hie mei de boer, werom gien wier nei de burren, en nou al wer by Boanstra's siet, mei in romerfol drank foar him.

„Dos, Tsjalkeboer hat dy hjiljoun jown, om't er it hutsje rom ha woe, en syn hüsfrousfaem for himsels halde wol?' frege in timmerfeint, dy't njunken 'e tapkast stie.

— „Sünt jisterjoune, do't er mei hjar foar 'e fyoele west hat, leaut ek sahwet elkenien det er hjar boerinne meitsje scil," wier in oaren-

ien syn bitinken.

„Nou, ik moat sizze, det kin nin minske him kwea nimme; it is in tsjep frouminske, det moat der fen sein wirde," sei in tredde.

It bloed fleach Jurjen wer nei de holle; hy woe der neat mear oer hearre. Hjoed yette, ef moarn op 't alderlêst, gyng er der op ut om in oar plak to siikjen, ljeafst in ein üt 'e reek; ho fierder ho ljeaver. Mülk det er Antsje njunkelytsen forgeat, as er safolle

minsken om him hinne seach Né né, det koe net, noait!

En dêrby, mocht der al in wünder barre, mocht er him der skieik al sahwet oerhinne sette kinne, — hwet Tsjalke Teades him oandien hie, det forgeat er net, yn der ivichheit net!

Hy bitelle syn fortarring en gyng foart. It earste hwet er nou to dwaen hie, wier: syn jild helje. Det moast foartynienen mar wêze, tocht him; dêrom sette er de dyk ut, nei Idsehiem ta.

Flak by 't klokhüs kaem Antsje him tsjin; hja gyng efkes om boadskip. Hy knikte stoersk en woe trochrinne, mar hja spriek him oan.

„Jurjen," sei se, „ik ha jo jisterjoune net alhiel sa 't hearde

bihanle, mar mar sikerwier Jurjen, ik koe net oars. Jy

hiene seis ek bigripe moatten det it mei üs döchs neat wirde koe. Ik hie jo ommers ek nea nin moed jown! It béste is, det jy wer frede meitsje mei de boer. Ik wol net graech, det jy om my üt jou plak reitsje scille."

It wier hjar oan to sjên det se it miende. Mar hy woe fen neat

Sluiten