Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

witte. Nou't er hjar weromseach, kaem it ek wer by him op hwet er forlear

„Né," sei er, „ik scil nei him ta to öfrekkenjen, en den gean 'k foart, sa fier as ik gean kin. Jy ha my oer en tofolle, det hat jisterjoune genöch bliken dien, en him mei 'k foar myn eagen net mear sjên, dy greatskert! Ik winskje jo it béste!" En hy gyng.

Mismoedich seach Antsje him efternei. Scoe se it yetteris bisiikje om him ta in oar bitinken to bringen? Hja hie dochs sa'n meilijen mei him, as se der hjar goed yn tocht

Mar né, it joech hjar döchs neat; der wier hielendal net mei him to praten nou, det hie se wol oan him fornomd.

Mei in swier herte die se hjar boadskippen.

De boer üntfong Jurjen frjeonlik, en telde him, nei't er syn kleanspillen byinoar socht en yn 'e kiste dien hie, 't jild op 'e tafel üt. Der wierne in pear ryksdaelders tofolle, mar de feint liet se lizze.

„Fen 'e middei scil 'k in jonge stjüre mei de skou, om myn güd," sei er noartich en stjuch. Do gyng er sünder füstkjen ef dachsizzen de doar üt.

Elk minskeherte, ho bihirde yn 't leed en fen smerte forwyldere, hat ornaris yette in weak plakje, 't mei den wêze det it in bulte haldt fen in blom, in fügel, in trouwe houn, ef det it yet oan in minske hinget. Jurjen hie in bulte op mei de jonge bolle, dy't er greatbrocht hie for 'e boer. It dier wier great en sterk wirden ünder syn eagen, en koe him tige. Dêr woed er öfskie fen nimme.

Hy gyng troch de hameije, dy't iepenstie. Dêr flak by, oan 'e lofterkant, yn 'e saune, moast de bolle oan 't tsjoar stean. Mar hwet wier det nou? Dêr kaem er al op him oanrinnen. Wier er los? Ja hear! Det koe sa net; der koene üngelokken fen komme. Hy kloppe it bist op 'e koarte, krêftige nekke, en streake him ris oer 'e rêch. Do krige er it tsjoar op om him in eintsje de saune yn wer fêst to setten.

Do kaem der him op in stuit hwet öfgrysliks yn 't sin.

Hy woe ommers syn leed wreke oan 'e boer fen Müntsepölle, dy't him syn lok foar 'e foetten weimeand hie? Nou, nou koed er it. Dêr jinsen op 't hiem, oan 'e skürre-side, boarte lytse Teade. Hy hoefde de bolle syn gong mar gean to litten; njunkelytsen scoe it dier wol

Sluiten