Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

fornimme det er forgoed frij wier, en de romte ta syn foldwaen hie.

Hy scoe sjên det de hameije op stie, hy scoe 't hiem op fleane, en den

Jurjen liet it tsjoar los. Hwet der barre koe, hy twong himsels om der net oan to tinken, en döchs seach er it hieltiid foar him. Mar hy

woe... hy woe de boaze fijan hie him yn syn kloeren, en liet

him net wer gean. Hird roan er de reed del; sünder om to sjên, mei

de holle foardel, krekt as skamme er him foar 't ljacht Gemien

gemien.... gemien.. — klonk it yn him, by alle stappen dy't er die En döchs gyng er net werom. O! de hate is sterk! Hast like sterk as de ljeafde.

In skoftke letter kaem Antsje werom. Hja hie nin erch yn'e bolle, det dy op in oar plak stie as niis; en al hie se 't merkbiten, den hie se der yet neat gjin niget oan sjoen. Hy waerd sa faek ris fortsjoarre.

Krekt gyng hja troch de hameije, do't se hwet efter hjar hearde. Forheard seach se om. Mei greate sprongen kaem de bolle op hjar

oan. Hja springt fen siden; dêr Teade! Hja fljucht it hiem op,

nei de lytse beuker ta; hja fait op 'e knibbels by him del, en bügt

oer him hinne. De bolle is flak efter hjar; yette efkes

Mar in pear sterke hannen fetsje it bist by de hoannen. Tsjalke Teades is krekt op tiid op it lüd öfkomd. Hy hat sjoen, ho't Antsje for 'e twade kear hjar eigen libben net achtet om det fen syn bern to biwarjen.

Yn in omsjuch hat er de bolle de saune ynjage, en docht de hameije ticht. Den giet er wer nei Antsje, dy't yette op 't selde plak sit, en de jonge stiiffêst beethaldt, as wier 't gefaer yet net foarby. „Godtank!" seit se, as er by hjar is, en docht writen om oerein to kommen. Mar diskear hat de kjeltme döchs to folie fet op hjar krige; hja biswimet, en fait yn syn earmen fen hjarsels.

As in fear tilt er hjar op, en bringt hjar yn 't keammerke. De lytsfaem lit er for 'e jonge riede; hysels leit Antsje op bêd en docht alles hwet er bitinke kin, om hjar wer by to krijen. Einlings docht se de eagen wer op. „Godtank!" seit de triljende man nou ek. En hja glimket him oan, en docht de eagen wer ticht. Hy bliuwt by hjar, krekt salang det er sjucht det se rêstich sliept. Den teantet er ta de keamer üt, en lit dokter helje

Sluiten