Omstikken en sydstikken
De middeis om thédrinkerstiid hinne waerd Antsje wekker. Tsjalke siet nést hjar bêd, en bigoan sunich mei hjar to praten. O, hy hie 't sa goed by himsels oerlein, hwet er sizze scoe, sa gau as se wer hwet by hjar süpe en stut wier. Hy scoe hjar fortelle fen syn blinens, ho't him mei dy tongerbui de eagen iepengien wieme, ho't er him der
tsjin forset hie, en en det er hjar döchs net misse koe, nou
alhielendal net mear ! Ja, det hied er hjar allegearre sizze wollen.
Mar nou't er dêr by hjar siet, wist er de wirden net to finen, en
praette oer oare dingen.
Mar Teade hie hjarren byinoar brocht, en dy scoe ek soargje det
se inoarren net wer kwyt waerden.
„Hwer is de jonge?" frege Antsje.
Tsjalke helle him üt it milhüs; hy tilde him oer 'e bêdsplanke en joech him hjar oer. En de lytse boi streake hjar oer 'e bleke wangen, en sei mar in lyts wirdtsje, — mar det iene wirdtsje wier ekgenöch, hwent de boer fen Müntsepölle sloech syn earmen om syn bern en
syn hüsfrousfaem hinne
It wier it wird det altyd in gouden kroane set hat op in frouminske hjar holle, en det hjar altyd moai yn 'e earen klinke scil.
„Mem!" sei Teade. En dêrmei hied er it boun sletten twisken syn heit, en hjar dy't er sa neamd hie.
Haerlem, 1900.