is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Bernewille.

Gouden is de bernewille.

Al it oare reek en tsjêf.

Sa song, lang forlyn, üs wiid-forneamde dichter Eeltsje Halbertsma.

De earn'stige, griizjende man, dy't do al tobeksjên koe op it swiet en sür det in heale ieu meibrocht, — dy't do al wrald en minsken hifke en skatten hie, better as it ien fen uzen faeks ea slagje scil, de master-sjonger, dy't sa'n iepen each hie for al it moaije op syn libbenswei, en nin blomke stean sjên koe, ef hy moast it ploaitsje, dy't do al sjên mocht hofolle fortuten syn hearlike lieten en dichten diene, — dy man moast, do't er himsels rekkenskip die fen alles hwet him óp syn paed metten wier, ütroppe: „Alle rom üt'e müle fen myn lansljue; alle earekransen dy't Fries en Ün-Fries om myn holle bifrisseien; alle njue dy't myn iverich skreppen en wrotten for üs memmetael, myn béste witten en wollen my joech, - alles wier neat! Alles fordwoun as reek, forstau as tsjêf! Allinne myn bernetiid, de tiid do't ik op üs alde, griene terp omdjoeide en nin witten hie fen hwet der buten yn 'e wide wrald omgyng, - allinne det wier in goudenetiid. Allinne de Mn dy't myn herte yn sillige oantins oan myn jonge jierren

tsjoarret, is in goudene ban!"

Hwent det leit der döchs yn dy wirden, hjir boppe oanhelle.

En lyk as dokterom ha mear greate mannen der oer tocht. Hildebrand bigoan omdöch net syn ünbitinkelik moaije „Camera Obscura" mei 't forhearlikjen fen it nochlike berneboartsjen!

O lokkich, hwa't de jongesklean Yet glide om liif en lea!

Den wit it brein fen wif bistean,

Noch 't herte fen nin kwea!