is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Sjuch, dit makket krekt it greate ünderskied üt twisken üs en in bern: in bern libbet yn syn wrald, wy libje buten uzes. In bern syn wrald is net greater as it rountsje dêr't it syn eagen oer gean litte kin, it is der seis it midden fen; it is yn wierheit sines; it is in wrald dêr't it bern as hear en master yn regearret. Mar üs wrald leit fier, fier óf. Wy sjugge hjar lyk as it skimerjen fen it noarderljacht oan 'e nachtloften; lyk as by moai ljachtmoanne waer de britsene silverstrielen op 'e weagjende mar, dêr't de jountiidssigen oer hinne aeit. En ho hirder eft wy wrame om yn üs wrald to kommen, ho neijer eft wy hjar tinke to wezen, nammersto fierder üntwiket hja üs op in stuit wer, en sa giet it troch, ont de iggen fen 'e dea-sé üs gong streamje, en grêfs dobbe üs foar 'e tsjinskoarjende foetten gappet!

Fryske jonges, — de famkes moat ik hjir slüpe litte; dêr wit ik sa net oer mei to praten! — Fryske jonges binne güds fen't echte slach. „Echte rosbeijers," suchtsje de Fryske memmen, dy't de smoarge bringst himmelje kinne, as ien fen 'e stammehalders yn 'e skytsleat sitten hat, en dy't de stikkene hoazzen en foetsokken stopje, de trochridene knibbels fen 'e broek en de mouwen fen 't bealchseintsje, dêr't de earmtakken ornaris gau trochhinne kypje, fen nijs oan bilaepje moatte. „Echte oerkommelingen, dy't nearne net for doge, mar oan 'e krêbbe om hjar gelikens siikje!" sizze de Fryske heiten, dy't der de kost mar for fortsjinje kinne. — Echte jonges, lyk as se wêze meije en wêze moatte, siz ik yetteris. Nin skitelfize hüsmosken, dy't jimmer by de kachel omklommerje as forfêrzene jerken efter 'e bakkersoune, — mar waer-ülen; jonges dy't by alle waer en wyn bütedoar omstrüze, en jouns mei in eintsje tou fen 'e bürren helle wirde moatte, — ef mei de toffel, det leit der oan, eft heit der op üt giet om se by honk to krijen, ef mem. — Nin bidoarne Benjamyntsjes, dy't hieltyd om snobbersgüd twinge, en it lytse sisterke yn 'e widze in loech öfsjugge as se de hannen rom habbe, mar echte stoatskavers, dy't ljeafst kald miel halde mei in pear ienhans-omstikken roggebrea, en elkoar yn 'e