Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

foksen fleane en in „pak op 'e hüd" jowe, folie faker as det se 't mei de müle öflizze. — Nin stêdsjongehearkes, dy't op hjar toalfte jierdei sünder koarjen twa segaren opsmoke kinne, en yn hjar fyftsjend jier in forstanshoedtsje op it glêdkiemde hier drage, mar kwea-streuperts, dy't om 'e oarde kalmuswoartel en pik kögje, en troch 'en tiid in pet sünder skaed op ha, ef sims ek alhiel gjin; dy't de klompen yn 'e han nimme, en der op hoasfoetiingen ütrepe, as 't hjarren oars net hirdernöch eint; dy't foartgeane om holdersnêsten to siikjen en mei saun jonge ljurken yn 'e büsdoek thuskomme; dy't fen nintsjien fen hjar gelikens bang binne ef bakseil lüke, al gyng it om in snies blauwe eagen ynpleats fen om op syn alderheechst twa, mar dy't yn 'e lytse loege reitsje en op 'e rin tsjugge, as Hylke bysjager de bürren lans trapet, „siikjende hwa't er fordylgje mei"; dy't, as se by 't fjuchtsjen tsjin 'e jonges fen 't neiste doarp de slach forlieze, nin kik jowe en nin „genade" sizze wolle, al scoene se den ek in ure ünderlizze, mar dy't de hiele bürren op ien ein moartsje, as heit ef master in finger nei hjarren utstekt; dy't for nin hwa wit hofolle boerefeinten mei swipen ef lilke hounen it höfsjongen litte wolle, en trije dagen mei in slüt-appel yn 'e büse omrinne kinne ear't se him opsnaskje,— „mei hüd en hier"; dy't snjeontojouns oan 't waskjen en forskienjen likefolle nocht habbe as in houn oan bruijen, mar deis trije-fjouweris to baeijen geane yn 'e mounle-utwettering, der't se oan 'e mil ta yn 'e blaumodder weisakje; dy't simmers altyd einekroas yn 'thier, en winterdei altyd hea in 'e klompen habbe; dy't wyks rnei-inoar grif in heal-üre to let yn skoalle, en alle dagen to let utkomme — dit léste net mei sin fensels; dy't like folie noed steane fen hjar boeken, as in koeküt fen syn jongen, en se earne yn in forgetten herne delklinsgje, dêr't nimmen se weromfynt, foar't Bijke der syn tosken, ef de jonge kat syn neilen der net oan prebearre hat, mar dy't in heale moart dogge for in mennich knikkerts; dy't fen hjar mem twiskenjkofjedrinken en iten nei Teade Winkelman stjürd wirde om fiif poun moal to pötstrou-rieren, „hird, hwent de süpe hinget al oer," — en let op 'e neidei thuskomme mei twa fean thé fen 't beamke en in püde mei pötsmoar .... koart sein: jonges, dy't trochstrings

Sluiten