is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

frjemde oanslaggen habbe, en ornaris dogge hwet se litte, en litte hwet se dwaen moatte.

Sa, lêzers! sa binne echte Fryske jonges!

* * *

Mar lit üs hjar boarterswrald ris trochkypje.

Wy scille den earst mar ris by 't knikken sjên. Det dogge se sahwet troch 't hiele jier, tominsten as 't kwik net ünder 'e nul sakket, hwent yn det gefal ha se it fiersto drok mei souweljen en taei-iizjen, ef baentsjeriden.

Auke syn mem hat jister fodden en bonken forkoft oan Rinse potskipper. Det gyng spek oan spinnen fensels en do't hja earst üt Rinse syn roef in pear sinnige reaukes thégüd ütsocht hie, do bleauwen der yette in mennich sinten yn hjar foardiel to foreffenjen, en dêr wist er hjar in pongfol knikkerts for oan to praten. — „De bern hoeve der ek altyd net by troch to reitsjen, oars net?" — Det wierret Auke den wakker yn 'e kaert, hwent hy hat nin broerren dêr't er mei hoeft to parten, en as er nou op 'e bürren komt, is 't syn earste: „Hwa en hwa in spiltsje knikke?" — „Ik," bjalte Pibe, Geart, Feike en Jouke tagelyk.

„Goed, hwer scille wy?" Der wirdt net lang oer iggewearre. Op 't tsjerkepaed, foar 't bakkersbrechje, wirdt der mei algemeine stimmen bisletten, en dêr jaget de kloft hinne. Nou wirdt earst de pöt set, fensels op in plakje, dêr't de modder hwet kliemsk is, den giet er sa gau net üt, — it kin ek wol wêze det it is om't de knokkels dêr better smoarch en swart wirde wolle, dêr wol'k öf wêze. In foech fyftich trêd efterliker dêr komt wer in streek oerdwers, det is de miet.

Elk set nou op, en den moat der omstien, ef „bok, bok, scil dy it wêze?" dien wirden, om hwa't earst scil. Det is yn in omsjuch birêdden en ringen lizze de fiif hanknikkerts om 'e pot hinne, as Iongerige hounen om in bonke dy't se inoaren forginne. De striid bigjint. Pibe, dy't it tige kin, reaget foartynienen al twa fen 'e pöt

öf yn 't büske!" seit er, as er se opkriget: det is sa'n

fêste sizwize fen 'e jonges, as se hwet winne. Den leit er ticht by