is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Geart, en scil 't mei dy ris heger försiikje. „Dêr leist!" ropt er en syn knikkert sjit Geart sines sa krêftich üt it sté, det er op 't selde plak lizzen bliuwt en him dêr suver yn in kültsje bitoppet. De ünfortünlike Geart siikket syn ark wer op, om aenstouns de kans yetris to weagjen. Nou is Pibe mis, en Jouke oan bar. Dy wol omraken syn bést dwaen, hwent hy wier fen 'e moarn rut op in wytsjert nei, dy't nou opstiet. Hy roait op 'e pöt, mar hy knikt üt 'e fot (det is safolle to sizzen as op 'e neil, wyls't de kinst einliks foreasket, det men 't op 'e knokkel docht,) de knikkert üntflut (üntkomt!) him, en rollet der krekt midden yn

„Dea!" sa haldt Feite de lykrede; „nou ik!"

It skriemen stiet Jouke neijer as 't laitsjen. Al syn hope en treast, dy iene wytsjert, scil to lanne komme yn Pibe syn büse, hwent dy is fensels al wer gelokkich. Mar by Auke komt it goedlike jongesaerd boppe. „Ik scil dal ik wol for dy sette hear! mar den dogge wy yn 'e kompe!" treast er syn felite kameraet. Det seit tige bést, en as Jouke it oarde spiltsje wint, en Auke syn taks der fen jowt, kriget er sa n tankbere rite, det er seit: „Moarn meist ek mei myn nije hüskedraek fleane!" Nou, det nimt Auke op syn bar oan.

In toarntsje letter is der mar gans rüzje. Pibe wirdt ütmakke for in skelmer. Hy hat Geart for 'e tredde kear deamakke, mar dy wol 't net jilde, üt noch yn net, om't Pibe de han to fier foarüt lei. Hy wol syn twa raren, dy't er niis opset hat, werom habbe. Net om 'e knikkerts fensels, mar om 't rjucht fen 't spil.

Wy scille de jonges ütmeitsje litte hwa't it by de rjuchte ein hat. Hja scille 't diskear wol net mei de fusten dwaen. As 't net oars kin, en nin ien fen beiden wol krimp jaen, den wirdt it spil fen foaren öf bigoan. Det is by 't knikken sa 't gebrük.

Och hofolle oars en better scoe 't der net ütsjên yn 'e wide wrald, as de greate minsken yn 'e maetskippy in foarbyld namen oan e jonges by 't knikken! Mar dy sette troch 'en tiid net for elkoar op, as ien fen hjarren rut is en döchs yet graech in spiltsje meidwaen wol. Dy bigjinne net fen foaren oan, as der ien skelm docht, en him bikweadige hat oan 't eigendom fen syn kameraten