is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Mar dêr scille wy üs nou mar net fierder yn bijaen. Lit us ljeaver ris sjên hwet de jonges yet mear dogge.

Nou komt alderearst it sleatsje-leappen.

Sleatsje-leappen! Hawar! as men der goed om tinkt, den is 't yen ommers krekt, as fielt men de pols yet twisken e hannen, krekt, as nimt men in oanrin, en komt der „mei in boereplomp" fier

oer ef fier yn, mar det is den op 't lest hwet de eare oanbilanget

ek likefolle: de sprong weagje doare, is 't foarnaemste. Lang op 'e kant stean: „scil 'k, ef scil k net!" det is bidoarn wirk. Den wirdt men ütskeld for in driger, in bangeskiter, en hwa wit for hoffer rare dingen mear, dy't net rime mei 't bigryp jonges-eare, en stikelje en seardogge, folie slimmer as in joun sünder iten op bêd, hwent dêr skikt men yen al yn, as heit mem gelyk jowt en der sadwaende neat mear oan to foroarjen is. Bütendet, as sa'n driger lang om let al syn moed gearskrabet en it wanhopich bislüt nimt: „der yn ef der oer!" den bringt syn bangens him ornaris krekt hwer't er net wêze

wol: midden der yn!

Nou tilt in fryske jonge, lyk as ik niis al sei, der net sa malle swier oer, as er ris in wiete kros hellet. Det skilt folie by syn mem. Do't wy sokke poarren wieme, plichtten wy by 't maitiid it lan üt to gean. - „To ai-siikjen," wier üs biskie, as se der thüs op ynfregen hwerom. — „To leappen," tochten wy yn üssels. En as ik it nou fen efteren bisjuch, den scoe 'k der hast ta komme moatte om to sizzen: om aeijen wier 't üs minder to dwaen, en wy founen ornaris ek oars net as 't kald sté; om leappen, — nou ja, mar for 't greatste part döchs om de kans op 't snoekje, det dêr by fongen wirde koe, en meastentiids ek al fongen waerd, as der neat twisken kaem. Jonge, ik wit yet klear ho't wy, as wy sa'n forfaltsje hawn hiene, de oare deis foar, nei en ünder skoaltiid tsjin elkoar seine, krekt as hiene wy op syn minst de hundert-tüzen üt 'e lotterij woan: „Witstit al? Ikhader yn sitten .... sa fier!" Mar den moasten wy ek boppe de mil wize

kinne, om der eare fen to habben.

Nou't ik fen „der yn sitten" praet, komt my in grapke yn 't sin, det in ald man my ris fortelde üt syn skoaljongestiid. „Wy hiene