Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

krekt in nije ündermaster," sa forhelle er, „in Hollanner, dy't him net sa botte bést rédde koe mei 't Frysk. Wy joegen him fensels ek reden en biskie yn 't Nederlansk, mar jy witte wol ho't det den giet: it skoaljongeshollansk is sa forgrieinmanke mei üs eigen taeltsje, det in frjemd der likemin wiis üt wirde kin. Nou wier üs Hylke de moarns nei skoaltiid yn 'e sleat leapt, op kop en earen der ünder, en üs mem _ it wier yn 'e ierge maitiid, en yet moai kjelderich, - hie him efter 'e bêdsdoarren stoppe, bang det er der in sykte fen skypje scoe. En do't master de neimiddeis ien fen syn discipels miste en frege: „Zeg reis, wie hoort daar nog in die bank te zitten?" do biskóge ik it as myn plicht om de finger op te stekken.

„???" frege master syn troanje.

— „Dat is ons Hylke sijn plak, meester!"

„Zoo, en waarom is-i er niet?"

— „Hij het der fanmorgen in seten, meester!"

Yn 'e sleat, bidoelde ik fensels, mar master tocht det it op 't lege plak yn 'e bank sloech, en ik krige for myn „bretalens" intrewinkel, det ik om myn forstan socht."

Sa fortelde dy alde man. Det Friezen en Hollanders elkoarren sims rare forkeard forstean en bigripe kinne, dêr scoene wol mear stealtsjes fen oan to heljen wêze, mar ik scil my nou mar ljeaver oan myn bistek halde.

Der binne yette üngelikense folie mear dingen, dêr't de jonges hjar yn en mei formeitsje kinne. It hoepjen, it draekfleanen, it topsetten, it krijoan- en pypkebiskül-boartsjen, it bokjespringen, it hyngstejeijen, de wolf en de skiep, it angeljen, en by 't winter it sniebaljen en baentsjegliden, it snieslatten en sniemanmeitsjen en hwa wit hofolle oars yette — alles docht der sines ta om it jonge libben ta in blier. in nochlik libben to meitsjen. En ho'n frjemde fiten kinne se ek net ütheve; hwer strune se net om! Altyd hüntheije: hjir it spil fen aeijen meitsje, dêr de boel yn 'e bulten jeije, det is jonges' aerd. Ho kinne se yen sims to fiter habbe! Fensels, der binne in hopen berne-oanslaggen dy't men hyn efte nei net goedprate kin, en dêr't de oppreteur for oer 'e knibbel lein wirde moat. Mar in jonge dy't net ris fiks ündogensk west hat,

Sluiten