is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

stiket yn nin goede hüd, det is mar sa. In jonge dy't noait mei in spjelde en in grintstientsje oan in eintsje byntjern oan 't glesketikjen west hat; dy't noait nin twa katten mei de stirten oanelkoar bifisele; dy't noait net ris bitritsen waerd by 't höfsjongen, en mear fensoks; dy't altyd de hannen yn 'e buse hat en for gjin hundert poun kluntsjes in skoalslüperke makket, det is nin jonge! Det is in.... in ald pake!

Wy binne swietsjeswei greate minsken wirden, en habbe nin aerdichheit mear oan 't gekjeijen en malfarjen fen üs jonge dagen. Koartsein: wy habbe in oar libbensdoel as do. Wy stapten üt'e bernekiean en dêrmei ek üt 'e bernewrald wei en teagen op 't paed om in oaren-ien to siikjen. Wy binne alder wirden en wizer, o! foaral wizer. Licht habbe wy nou seis wol bern, en skodholje fortrietlik, as se ris hwet wyld en oerdwealsk, hwet döfhüdich en oerhearrich binne, en net dalik wolle sa't men wol. Det gefiter om hüs en hear hinne,

det lüd laitsjen en geijen fortret üs faken

Lit it üs mar rounüt bikenne: den binne wy oerginstich, omt wy seis net mear sa mei oangean kinne. Wy scoene üs bern hjar frijdom hast forginne, — jawis, sa binne wy, al giet it faken sünder erch. En sims komme der üren, den lit it libben üs efkes los en wy kinne it üs oantiid dwaen om nei to tinken oer hwet for ivich om en foarby is. As wy yn sa'n rite üs berntsjes sa nochlik boartsjen sjugge, en hjarren hjar wille ütgeijen hearre, den fiele wy de djippens

fen dokteromme wirden:

Gouden is de bernewille,

Al it oare reek en tsjêf!

Den kin men sa'n ünlykberen langstme ha nei dy goudene dagen fen bernewille! Den kin 't yen sa near om 't herte wirde, by 'taltyd fierder gean, it altyd hirder einen fen 'e libbensrin, det men swiersettich klaget: „OmdÓch! it jowt neat det ik mimerje oer jt swietfen forflein lok! Ik kin net tobek! Foarüt wiist myn wei....!"

En it is wier! Dêr komt op üs paed nin sté,dêr'twy weromgean kinne. It hirde hjoed, de skrille tsjusterens fen 'e takomst kin nea it foldiedige jister wirde, det is in izersterke, in ivige wet.