is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Ei! lit üs dóchs üs dertene bernkes hjar nocht net forginne! For hjarren komt, likegoed as earen for üs, de tiid det se de strnd om 't bistean bigjinne en to'n ein stride moatte. Ringen dreamt it jonge moed fen in lok det buten syn wrald to finen wêze moat, ringen sjucht de geast fierder as it each, - en dóchs net fierdernóch nei syn sin: de ünrêst is berne, en lit hjar net forbalje. Den ünttsjucht it lot hjarren mei wrede hannen hjar boartersgüd, en hja scille wêze lyk as wy: rêstleaze hirdrinders nei in dizich doel, det yen jimmerwer üntkomt, sa faek as men it machtich tinkt to wirden.

Haerlem, 1898.