is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

oer 'e haeifeart, en om oer to kommen, hiene se in foech sloepke, det altyd efter 'e heaberch oan 't hiem laei. Mar dy moarns wier t net rjucht to plak. Do't se op 'e feartsdyk kamen, seageni se fartüch yn 'e bjirmsleat sitten, heal fol wetter. De jouns foartnd hiene der in stikmennich bysfeinten west dy't de Emmausgongers ris hwet narje woene, en meiïnoar it sloepke, det net sa swier to rissen wier oer 'e dyk skoerd hiene. Det wier fensels net moaijernoch, der moast yet hwet by, — en hja hiene der in fiks stik wetter yn heasge.

„Men scoene sizze!" röp Germen, do't er 't lizzen seach, en hy

liet forheard de gripe oer 'e groun falie.

„Hw.. • wa scoe dèt tocht ha?" brocht Sjoerd to foaren. „H ... ho

komt det nou?" ,

Ja, det wit ik net; jistermiddei laei er yet op syn plak, sei

Germen. „Mar wy moatte dóchs oer 'e feart, hwent de fjouwere

moat hjoed sljuchte wirde, hat mem sein. Der oerhinne leappe inne

wy ek slim. Ho scille wy nou, Sjoerd?

„M... my tinkt, wy moatte mar ris bisiikje eft wy him net wer oer 'e dyk krije kinne," andere Sjoerd, dy't wol de stadichste fen 'e twa baesmannen wier, mar de domste dêrom lang altyd net.

Dêr seiste sahwet!" wier Germen syn biskie, en hy sloech foart de hannen oan 't fartüch. Sjoerd sette him ek to skrep, en om't der gans hwet wetter yn 'e polder stie, en de wal sadwaende mar leech wier, hiene se 't gau in eintsje op it droege. Mar Germen wier to fier yn 'e ünderwal stean gien, en do't se de sloep der sahwet healwei üt hiene siet hy der sahwet healwei yn. Det is to sizzen,

net yn 'e sloep, mar yn 'e sleat.

Det hie nou oars sa slim net west, hwent it wier dy hjerstmis neat net kald, en hy scoe der gjin sykte fen skypje, mar de bjirmsleat hie in weake, modderige boaijem, en ho hirder eft Germen wrotte om der wer üt to kommen, nammersto djipper sakke er der yn wei. Hy wier to kjel wirden om der syn sprekwize by to pas to bringen, en it petear oer syn üngelok to bigjinnen mei in „Men scoene sizze!" mar Sjoerd soarge der diskear altinne for, det it spil syn gerjuchtichheit krige. „M men scoene sizze, - hw ... wa scoe det