is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

tocht ha?" röp er, en wyls sette er de hannen yn 'e side en lake det er skodde, hwent by tiden koed er in wakkeren wille ha. „Dou likest wol in ein yn 'e bl... blabber wei to sitten, Germen! Ho kinst de foetten ek sa ticht yn 'e flotgêrzen sette, ju ? Mar dou bist ek sa'n domme okse, dêr is de ein fen wei, det sei mem jister seis noch!"

It stie Germen fensels mar tige min oan, det Sjoerd dêr sa oerdwealsk to laitsjen stie. „Help my mar," róp er, „det is folie better. It is allegearre dyn skild, dou lietst my mar allinne moardzje, ik ha 't wol dealske goed mirken, heite. Dou loekst mar hwet sabeare!"

„Det 1... lychst!" sei Sjoerd üt 'e djipte fen syn herte, hwent it wier ek sa net. Mar teffens makke er rislewaesje om Germen by de wal op to hysjen. Hy krige him by beide polsen beet, en do gyng 't fen halem; sadwaende stie de earme siel, nei't him de earmen hast üt it lid skoerd wieme, en er syn iene klomp yn 'e modder sitte litten hie, mei gauwens wer op 'e fêste groun. Do kroaske er nei hüs, om him hwet to forhimmeljen, en droech güd oan to tsjen. Sjoerd scoe earst mei, mar dêr bitocht er him döchs oer. „Ik scil hjir mar sa lang op dy wachtsje," sei er, en hy joech him yn 'e skeante fen 'e dyk del, sa noflik as er koe. Yn 't sintsje fensels, — sa wiis wier er wol. Hy snoarke ridlik gau, hwent hy koe mar min stil sitte ef lizze sünder in lyts knipperke to dwaen.

Germen wier, for syn dwaen, ridlik gau wer op 't aljemint. Hy makke Sjoerd wekker, en hja bisletten om 't yetris to bisiikjen mei de ald sloep.

Mar ho't se ek hysten en skoerden, hja krigen him net folie fierder op 'e kant. Germen gyng alris op 'e mestelbank stean, en sette ien fen 'e rimen, dy't yn 'e sloep omdreauwen, yn 'e kop. Sa koed er oars in bulte krêft sette, miende er, mar 't joech neat. Ja, det is to sizzen, de mestelbank joech op 't lést hwet mei; det wier lykwol de bidoeling net, en do sprong er mar gau wer op 'e wal. „Dou lükst ek net genöch," sei er tsj in Sjoerd, hwent hy waerd wer noartich; „sa diest nou niis ek. Hiderkear as ik fiks tatriuw, litstou de hannen falie."

„Ei h... ho komst der by!" sei Sjoerd. „Hwet scoe ik dêr nou oan ha? Mar ik scil dy wol sizze hwer't it him oan leit. Hy sit mei de