Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

skeage tsjin 'e underwal oan. Wy moatte op 'e foarein hingjen gean, om de efterein omheech to wippen."

Det wier gjin forkearde rie, tocht Germen. Hja gyngen mei alle macht oan 'e ranne hingjen, en jawol hear! it gyng mar tige skoan. It wetter yn 'e sloep roan fensels nei foaren en holp hjarren in hantsje, en do't se him einlings ünderhans to pakken krigen en de ribbekas der flink oerhinne leine, fleach de foarein sa hird nei de groun, det ien fen Germen syn sljucht-sneinske klompen, dy't er oantein hie om't syn iene deiske yn 'e modder sitten bleaun wier, der ünder rekke, en „knap" sei. „Och hearink," jammere de ünfortünlike Emmausgonger, wyls't er de sloep losliet, „men scoene ...."

Mar fierder kaem er net. It wetter, det troch 't forheftich deltriuwen fen 'e beide mannen mei foarsje tsjin 'e foarstjuwne oansloech, roan fensels wer in ein tobek, en de sloep wipte nammersto hirder wer omheech mei de foarein, om't Germen, krekt do't syn help it meast fen noaden wier, him losliet en nei syn klomp taestte. Sadwaende trüzele Sjoerd, dy't er mei syn hiele hüd oerhinne hinge, foaroer Hy stelde in amerij de humor foar — det is ommers 't forhevene mei de foetten yn 'e hichte, neffens in forneamde Dütske skriuwer, — en kaem do, nei't er in slach oer 'e holle dien hie, op 'e rêch yn 'e sloep del, hwerby de mestelbank forgoed nei de faderen gyng, — aldergeloks, mei 'k der wol by sizze, hwent oars hie Sjoerd seis licht midstwa britsen.

Dêr laei er nou yn 't wetter to oefenjen, yet geef en goed, mar döchs lang sa plesierich net as niis oan 'e dykskant. Hy fornaem det it wetter wiet wier, en al ho'n nocht er oars oan lizzen hie, diskear kladdere er hird wer oerein.

„Neat britsen?" frege Germen.

„Ja, de m... mestelbank," bibbertoske Sjoerd. „Hw... wa scoe det tocht ha?"

Dêr stiene se nou allebeide, de earme swalkers yn 'e mist. De iene mei syn stikkene sneinske klomp, de oare mei in trochwiete kros. Krekt scoe Germen Sjoerd de skild wer jaen, do't der in arbeider fen Doekele Lolkes de dyk lans op hjarren takaem. Dy hie hjarren üt 'e

Sluiten