is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Sa wier 't nou faken mei de beide broerren. Der gyng hast gjin dei om, det se net in snoad stik utsetten Mar sa lang as't ald minske libbe en hjar rédde koe, mocht it yet hinnebruije. Hwent Qermen en Sjoerd mochten forstan to min hawwe, wirksum wieme se, det foei net tsjin to sprekken. Det sadwaende, as hjarren mar sein waerd hwet der dien wirde moast, kaem it ek wol foarinoar. Hja woene siker wol sizzen ha. Der siet alhiel gjin kwea aerd yn dy twa mannen, en hja koene ek skoan meiïnoar oer 'e wei. Mochten se al ris efkes tsjiere, den wierne se dóchs ek daelk wer goed op inoar, en bodden togearre fredich fierder.

Do't ik nei myn jongestiid de wrald yn gyng, kaem ik in diel jierren neat mear fen hjarren to hearren Mar letter, do 'k ris yn 'e Gribus ütfenhüze, frege ik nei de beide aldfeinten, en hwet my do forhelle waerd, griisde my ta de teannen üt. Qrytsjemoei, de ald boerinne, hie de maitiids to foaren de holle dellein. Det hie in slach west for de beide jonges, hwent hja koene it net buten mem rédde. Hja wierne hird efterüt boerke, en lanhearne, dy't malle gau for 't forstan hie ho't it komme scoe, hie hjarren in wikemennich lyn de pleats opsein. Koart dêrop hiene se boelgoed halden. — Nou, do wier 't de Emmausgongers sa 't like alhiel oer 'e fust roan. Binammen Germen Dy koe üren lang yn 'e hirdsherne sitte, wyls't er oars neat sei as „Men scoene sizze".

En op in moarntiid det er in skoftke allinne thüs wier, gyng er nei de skürre, helle it iennichste bolletsjoar det se oerhatden hiene, üt 'e ald greidkiste, dy't steanbleaun wier om't gjin minske der gading oan makke hie, prebearre ris eft de sechte trime fen 'e byntleadder, dy't by 't hus hearde, sterkernöch wier om him to halden

En do't Sjoerd in healüre letter wer yn 'e hüs kaem, hie Germen himsels al boppe alle ierdske soargen forheven.

„Hw... hwa scoe det tocht ha?" jammere Sjoerd. „G... Germen, hwet skilt dy nou ju?"

Mar dér skilde Germen neat mear, sa 't like. En do naem Sjoerd in koart bislüt en det goed. Folie feardiger as men 't fen him tinke scoene, hied er it loas-ein fen 't tsjoar ofsnien, - en de earste snoade