is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Gjin öflear hawn.

Wibbe Pochstra tsjinne by Watse Doekeles for greatfemt. Yn syn wirk wier 't in bêsten-ien, mar hy hie hwet oer him, der't gjinien him rjucht om Hje mocht; hy wier tige eigenwiis en greatbazich Det is in rare krupsje; minsken dy't dêr mei oanhelle binne, ha t net sa rom. Hwent hja meije ienris ef tsjienris yn 'e füke rinne, der is gjin aventür op betterskip; hja binne en bliuwe yn hja eigen eagen mear

mansk as in oar.

Sa wier 't mei Wibbe ek. Hy wist alles, hy doarst alles, hy koe

alles, hy hie alles earder sjoen en bilibbe en foun neat gj.n bate

by de middels dy't him sa faken - mar ornaris sünder det er der

seis folie erch yn hie — ynjown waerden. Ho faken eft er wy s

net for gek halden waerd, det kaem neat net krekt, mar hy hie der

gjin bisleur oer, en pochte yn frede fierder. Der liken wol gjin kruden

for woechsen to wêzen. .

Doekele en Ooarryt, Watseboer syn beide aldste soannen, det in

pear frjemde bysfeinten wierne, hiene togearre opsteld, hja scoene

Wibbe ris sa to fiter ha, det er det poffen en blazen forgoed forlearde.

Oekoanstekken holp neat, det hiene se by ünderfining; der moast

hwet oars op ütfoun wirde. Mar hwette?

* * *

It wier om Krysttiid hinne, en yet iepen wetter, al hie 't al ris hwet rypt, mar op in jountiid bigoan it fiks *a to knipen. De nachts smjde it ek gans, en de oare moarns laei alles om hüs en hear hinne ticht.

Doekele en Ooarryt wierne sa gau net op, ef hja stiene ek al by de haeiwyk, om ris to sjên eft it halde koe. Nou, 't skilde net alles; oan 'e kant koene se der al op stean. Mar fierder as in pear trêd fen 'e wal óf weagen se hjar net; yn 'e midden wier yet lang net bitroud, fornamen se wol.