is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

safier wier, siet er oan 'e hals ta yn 'e ald haeiwyk. Dy wier gelokkich net sa djip, det hy slie al gau op 'e foetten.

„Oef!" sei er.

— „Oefenje strak mar," röp Doekele, wyls't er him de houwestök tastiek. „Hjir, pak beet!"

Det die de siel, en do stied er ridlik gau wer op 'e wal to bibbertoskjen. De jonges stiene der by to laitsjen.

„Kom, sei de ald boer, dy't ek hird nei de wal flein wier do't Wibbe de fisken opsocht, en it net earlik mear ha mocht, howol er likemin it gnizen litte koe, „nou earst mar gau yn 'e hüs, skjin en droech güd oan, en in slok barndewyn for 'e skrik. It wetter scil wol wiet west ha, net? Goed det jy de wyk bidjipje koene."

— „De wy... wyk bidjipje? Gj... gjin groun field, hear! Mar ik kin sw ... swemme ...!"

En de blaumodder siet him yet oan 'e klompen.

't Hearenfean, 1901.