is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Hwêr't de moanne for sitte moat.

Nei in ald tsjutsk sechje.

I.

Yn alde tiden kaem joun op joun, as de sinne ünder e kimen weisonk, de moanne bütedoar, naem in swevelprikke, stiek syn skynfet op en gyng op 't nachtpaed, krekt sa lang det de sinne wer fen 't bêd kaem en him forloste. Sa bleau er ek altyd de selde, it hiele jier lans en men wist like min fen in nije moanne as fen in earste en léste kertier; der wier in moanne en dêr mei wei. De minsken achtenearren him net folie, hwent hy brocht nin groede, syn strielen sparren nin branje ut, ja hy hie nin iens krêft genöch om by 't simmer de wiete dauwe in pear fingerbré boppe it mêd to tillen, lit stean det er hea meitsje koe. Den wier de sinne al in oare üngetider, hear! Det de moanne in minnen-ien wier for tsjeaven en sok ünrant en hjar jamk foar 'e kroade ried, krekt as hja 't ien eft oar ütsette scoene det nin ljacht fordrage koe, dêr hiene de ljue nin bisleur oer, om t, hja wisten nou ienkear fen nin tsjustermoanne óf.

Dodestiids tsjinne der by Douwe Atses, oan 'e Yntsjemasleats-wal, tichte by de Gaestmar, in jong frouminske, det Jeltsje hjitte, for boerefaem. Hjar troanje wier as in ripe bellefleur, de skonken sieten hjar rjucht ünder 't gat en yn hjar eagen lake de bliere sinne. Hja wier in tsjep fanke, dêrby in bêstenien yn 't wirk en sa fleurich en bliid as in fügeltsje yn 'e loft. Der wier mar ien ding dêr't hja in mier oan hie: jouns moast se jimmer by 't opbêdgean in nachtlampke brüke. De milhüsfinsters seagen op 't hóf üt, nei 't westen ta; mocht er yn 't langst fen 'e dagen om bêdgongerstiid hinne al in inkeldsinneglimke ünder 'e parrebeammen troch skimerje, fen 'e moanne seach hja dêr nea nin swymke. Det fortrette hjar, hwent hja wist fen garjen