Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

en sparjen en wier deun en kloek, like goed for 'e boer as for hjar selme. It bigreate hjar ta de teannen ut om dy skoane oalje. Fen det oangeande wier hja in echte Friezinne.

Der kamen fensels ek wol gau ris frijers by Douwe-en-dy's oan 'e doar, mar hja waerden ornaris öfsalten; mocht der al ris ien bliuwe, den wier 't döchs mar for ien ef twa Sneintojounen. Det istosizzen, sa hie 't west. Yn 'e léste tiden wier der foroaring yn komd; in Gaestmarder fint hie trou syn kommen by de jongfaem. Hy wier by Wigerbaes oan 'e pölle en foer op 'e bus: in aeksfeint dos, sa't de Gaestmarders eiken ien neame, dy't by de ielhannel heart, it mei den wêze det se de iel mei in greate „Ingels-aek" nei Lünden bringe, ef by üs binnefiskers ophelje mei de büs. It wier in kreas maetsje en hy wieralhiel forslingere op Douwe Atses' greatfaem, dêr't er nou al in great hieljier om oanhold. Dêr scoene men oan sein ha, det hja mear mei him op hie as mei de oare feinten dy't wol ris in raem nei hjar dien hiene; lykwol koed er him der net op biromje, det er it al mei hjar klear hie, ho graech er ek woe. Hy wist einliks net rjucht hwet er oan it fanke hie; den wier se 't sa tige-tige mei him iens, den stegere se him wer öf. Hy liet de moedfearren fakentiids hast hingje.

jeltsje hold ynwindich in bulte fen him, mar hja wier hwet oerdwealsk en tocht by hjarsels det hja oer immen dêr't se hjar letter al hjar libbensdagen ünder deljaen moast, earst wol ris in moanne ef hwet fiks de baes spylje mocht. En fen det oangeande wier hja al wer in echte Friezinne. Mar Hoatse hie oan diss' tiid ta mear forstan fen iel as fen Friezinnen en bigriep net oars, as det hja it skieik wer üt ha woe. As hja him narre en pleage, sims hiele skoften oan-ien, den waerd it him o! sa wé om 't herte, krekt as — ei nou, krektlyk as oare feinten dy't it op in flink frouminske forsjoen habbe, en deline sa moai net om 'e reak skearre kinne ef hy forglydt foartdalik wer.

Nou woe 't gefal det Wigerbaes Hoatse op in moaije jountiid mei in boadskip nei de Fiskersbürren stjürde. Us maet hie in broer forlern oan rinnen, dêrom naem er de sloep') to baet en roeide der hinne, it Piel oer, det sa'n gloppe is fen 'e Hegemermar, en der't de

i) Hast in skou? mar fen foaren skerp. Yn 'e Gaestmar en dêr by om hat elk hast ien.

Sluiten