is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Oaestmar oan leit. Do't er it boadskip dien hie, tocht er: „Kom, 't is sierlike moai waer; ik roei dwêrs-oer, de Yntsjema-sleat yn en sjuch efkes by Jel oan!" Det lapte er him. Do't er by Douwes oan it hiem skeat, stie syn faem yette op 't stalt to aedbjinnen. Hy bigoan fensels mei in dea-gewoan praetsje, mar 't dürre net malle lang, do hied er 't al oer trouwen. Jeltsje lake him üt. „Trouwe?" sei se gnyskjend, hwet scoene wy bitrouwe? Bist net by dyn süpe-en-böltsje ? Witste hwet: astou meitsje kinste det de moanne jouns by uzes op 'e milhüsfinsters skynt, den boaskje wy Alderhiljen, dêr!" Mei-iensgyng hja yn 'e hüs.

Hoatse roeide wer nei 't Piel ta; hy wier syn rie to'n ein. Hy wist like goed as Jeltsje seis, det de moanne net oan 'e milhüskant fen 't hüs kaem by 't jountiid, dêr hie hja fakernöch tsjin him oer klage. „Hja wol my net ha, ho scoe se my oars op sa'n raer ding fergje?" tocht er, en dêr mimere er al mar oer. Do't er op 't Piel wier, sei er sa yn him-sels: „Koe 'k nou mar nei de moanne ta roeije, den wier 't neat, den scoe 'k det saekje wol opknappe!" — Hwent dêr't in Gaestmarder mei de sloep komme kin, dêr stiet er net sa malle gau mei forlegen hannen.

Op 't selde stuit gyng it fartüchje stadich omheech. Hoatse krige

sa'n frjemd, rom gefoel oer him, krekt as siet er yn 'e mêst ja

hear, grif: hy roeide yn 'e loft op en lyk op 'e moanne oan! Dy deale hwet in trammelantsje! To'n earsten woun it him alhwetnuver yn 't gat om, mar det bisakke ringen: hy wier net bang fen aerd en hy mirk ek wol: it ein wier hyn efte nei sa lang net as er altyd miend hie. Yn tsjien minuten wier er flak by de moanne. Mei de sloep koed er lykwol net oan him ta komme, hwent de ald nachtstründer roan op in moai hege dyk en der laei in string bütlan fen wol twahündert trêd breed twisken dy dyk en de loft der't Hoatse yn roeide. Nou, yn 'e Oodsnamme, det eintsje moast er den mar rinne! Hy jage de sloep yn 'e reiden en do gyng 't der op ta, op in fotteldrafke. De moanne seach him wol oankommen, mar dy kuijere hieltyd mar stadichoan troch; al einde er ek in forbaesd bytsje, steanbliuwe mocht er fensels net.