is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Nou hie Hoatse eftertocht genöch om to witten det men sa mar foart ynienen net mei de klompen yn 't spil komme kin as men immen in tsjinst to freegjen hat. Men bigjint earst oer 't waer, oer 'e famylje en al soks: ünder 't praet fynt me den wol gelegenheit om him op 'e Hie side oan to kommen. Sa bisocht er it ek mei de moanne, mar dy grommele hwet yn himsels en liet him fierders neat oan 'e aeksfeint gelegen lizze; hy hie 't lant det er yette sa'n ein rinne moast yn e soele nacht. Hoatse wist det wol en hie him oars graech syn sloep oanbean, mar det bitroude er net: as er him hie scoed er hun ek halde

wolle, — en den koe hy-sels net werom komme. Wyls't er der oer harsen-

skrabé ho't er it oanlizze moast det de moanne in noflik sin krige, kamen hja op 'e mölkwei. Dêr kaem Petrus hjar fen efteren yn riden op 't hynsder; dy makke for de aerdichheit in reedtsje en hie de tnd wol, dêrom liet er de guds stappe en bleau njunken hjar. Ja, ja, Petrus, sei de moanne mei in swiere sike, „jy habbe it goed; better as ik Ik kin alle nachten weroan mar op 'e bilwein ride!" en hy fage it swit fen syn holle. — „Minne tiden!" andere Petrus. „Om myn part hie 'k ek mar hwet mear to dwaen; de poarte hoeft jinwirdich net jamk mear opdien to wirden. Hwent hjir ünder us hat de divel de minsken wysmakke, hja moasten net tinke, det us Ljeave Heare forstanniger wier as hja seis, - dêr wier just nin ien wizer as in minske SÜnt leauwe se oan God noch tsjerke en Hantsje-om fangt se by t snies tagelyk, as de miggen oan 'e lymprikke! Is 't net m moart. _ De moanne skodholle en sei: „Ja wis! jy moatte rekkenje, it giet hjarren to goed; hja wirde oerdwealsk. 't Is my langer de moerte hast net iens mear wirdich om goed to skinen, ik krij dochs stank for tank. Ik gean for dom en forfeelsum!" - „Mar dou hast nou dochs ien ta selskip, sjuch ik!" troaide Petrus. „En den ek yet wol in Gaestmarder! Det binne de bésten; troch-earlik, op ien ding nei: de lelhannel Hja mjuksje reade en skiere sa moai yn ien aek gear, det it de divel seis manskernöch wirde scoe om se wer to skiften. En hja dnnke fakentiids ek hwet folie boerejonges; dêrom net: det is in slo je, dêr scoene men alles for stean litte; ik kin der bést yn komme det se der ris fen oan 'e jui reitsje. Hiene wy hjir mar in pear krukfollen....