Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

_ „Det mei like min; ik mei net fen 't paed," sei de moanne.Mar men koene wol sjên, det it him swier foei om net ta to biten.

„Ik leau, de kweade seis makket my fen-nacht gljeon fen binnen

en fen buten." tocht er lüd op.

„Ei, grif, moatte jy rekkenje!" bifestige Hoatse. „Jou gong wirdt al sa wirch, hwa wit halde jy 't wol ont moarnier ta üt. Dêrom, it is jou plicht, tinkt my, om nei in drip drinken om to sjên. Hwet komt it der hjir op 'e romte ek op oan, om in pear hündert trêd fen

siden to gean? Det ha 'k op in pypfol!"

— „Det sizze jy nou sa," sei de oare, „mar as jy ris wisten ho t jimme stjerrekikers dêr ünder op my pasje! Hieltyd stiet der ien troch sa'n lang ding to digerjen, dy lit my net üt 'e eagen gean."

Hoatse lake. „Och, hwet scoe t," sei er; wyls pakte er in wolken, dy't dimmen en earbiedich, lyk as do altyd, efter 'e moanne om gean woe, by de flippen fen syn lange, wide mantel. „Gean dêr efter biskül, en lit dy stjerre-biloaitsers den mar ris sizze eft jy jou paed rjuchtüt ef krom-om meitsje."

— „Ja, mar

„Marren binne wide wetters," foei Hoatse him yn 'e reden. Hy wist wol, det er it by 't eintsjebislüt winne scoe; dêrom taestte er daelk mar fiks troch en liet der op folgje: „Tink sjé-sa mar: Petrus hat seis sein det hy ginde it jo wol. As der jo dos hwet fen oerkomt, den moat dy it bilije en oars nimmen. Kom mei!"

Skytskoarjend folge de moanne syn forlieder en gyng in ein mei tobek. Flak njunken it plak dêr't Hoatse by him komd wier, gyngen hja op 't string; by de sloep bleau de moanne stean en hold de wolken, dy't er omdien hie, sa, det de milhüsfinsters fen Douwe Atses' pleats ljacht waerden; hy wier fensels yn 'e forbylding det er yn 'e kelder skynde. „Mei in goed kertier bin 'k wer by jo, mar tink der om en hald de wolken goed, det jou ljacht allinne op dy finsters stiet, hwent it mei nin each ha, sa wiis binne jy ek wol, nou? sei Hoatse. Hy siet al yn 'e sloep en roeide as de blits foart.

Underwilens siet Jeltsje yn 't milhüs en lake yn hjarsels om Hoatse syn forsleine troanje fen niis. Hy scil wol wer komme, tocht

Sluiten