is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

om en gyng wer nei de dyk ta. De aeksfeint seach yet krekt det er de wolken hielendal loslitten hie, om't er mei beide hannen de kruk beet hold.

Hwa't er lykwol net seach, om't er him hird ófjoech, det wier Hantsje-om, dy't efter in oare wolken weisetten kaem en hounsk lake, efter 'e moanne syn rêch. „Sjê-sa!" sei de smycht, wyls't er glüpsk om him hinne seach, „sjê-sa, det is my goed slagge; it koe net better. Ha, alde stoatskaver! dou scitte my myn wirk net mear bidjerre! Mar jonge, sa'n rakkert fen in Oaestmarder oars ek, net? Dêr't de sloep yette net mei de skeake yn 'e blaumodder hingjen bliuwt, dêr roeije dy keardels hinne, sünder birie."

„Forgemi, ja," forfette er, nei 't er efkes yn bitinken stie hie, „ik moat myn ringdiken döchs ris goed neisjên litte, hwent oars, hja fine op in goede dei yette it farwetter nei de hel en easje my de hiele brol üt!" Do teante er sunich de moanne efternei.

De oare deis naem Hoatse Wiger-baes geweken en fornijde him det er mei Alderhiljen wol trouwe woe, mei hwa, det wist de baes wol. Nou, dy hie der net allinne neat op tsjin, mar hy joech de büsfeint ek tatiding det er mei Krysttiid syn lean forheegje scoe. De jouns koe Hoatse mei in licht herte nei Hylke fjildwachter gean en jow dy oarders om syn en Jeltsje hjar pompieren foar-inoar to bringen; dy man die det mei ljeafde for elkenien dy't trouwen yn 't sin hie, altyd for in lytse hanjefte, fensels. Do't hja alles forpraet hiene togearre, sei de fjildwachter, wyls't er de Ljouwerter krante fen dy deis yn 'e hannen krige: „Jonge Hoatse, jimme dêr oan'e pölle skeuke jouns ornaris noch al moai let om. Dêr hat jisterjoune en fennacht hwet seltsums to sjên west oan 'e loft; ha jimme dêr faeks ek hwet fen mirken?" — „Né, ik tominsten net, en ik ha der ek nin praet fen heard," andere Hoatse. „Ho nou sa, hwet is der den oan; stiet der hwet fen yn 'e krante ?" — „Ja, hark mar ris," sei Hylke en lies (de Ljouwerter skreau do yette yn syn einmoarstael): „Jisterjoune om healwei tsjienen hinne seach men earst forskate stjerren forsjitten, it wier hast krekt as reinde it fjür — Det docht my nin nij, tocht Hoatse, hwent it kaem him yn 't sin det de fonken üt 'e stjerren spatten do't Petrus de mölkwei lans draefde. Hy sei lykwol neat, det is to bigripen, en