Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

de fjildwachter lies troch: „efkes neitiid waerd de moanne sa mar yn ienen wei efter in wolken; soks is oan diss' tiid ta noait net bard. Men wol ek leauwe det er do in ein efterstobek gien is en it paed in skoft bjuster west hat...." — „To deale," sei de feint wer yn hitnsels, „hja binne skerp, dy stêdljue! En döchs sjugge se by Ijachtskyndei

nin ünderskie twisken skierens en readens " — „Om likernöch kertier

oer tsj ienen kaem er wer foardendach, like klear en helder as oars. Mar neffens Dr. Fynbislipe wier er gans in ein üt syn koerts en hy einde ek net sa hird as er altyd plichte. Om healwei al ven bleau er hommels stean en sünt is er de hiele nacht wakker op 't selde sté bleaun. It aldernuverste is lykwol det er dêr yette to sjên wier, do't de sinne al heech oan 'e loft stie, howol hy waerd al bleker en bleker. Fen 'e moarn om tsj ten üre wier er foart."

„Sa stiet it der," sei Hylke, do't er it' stikje üt hie. „Hwet sizze jy der fen?"

— „Och, dy krante-ljue skriuwe mar hwet," andere Hoatse ünforskillich-wei; „as men de helt der fen leaut, leaut men al fierstofolle." Do sei er Hylke goênjoun en gyng nei board.

III.

Mar al hie Hoatse him neat skine litten, hy wier der döchs oars yn 'e hüd fen wirden. It spiet him nou net sa'n bytsje det er de moanne sa mar in grou krükfol boerejonges brocht hie. In aeksfeint kin gans hwet grauwe earte mei smoar bergje, binammen as er net fier fen 'e koai óf is, mar de moanne foer net op 'e aken en moast de hiele nacht ek op 'en baen wêze. Grif hied er it hiele krükfol efter inoar leech straft: dêr wier er fen oan 't lewearjen rekke en om healwei-alven hied er him midden op 't fjild deljown, ynpleats det er nei hüs gien wier, om üt to sliepen. Sa scoe 't wol wêze, tocht Hoatse; as er nou mar net yn 't near siet, dy goede slokkert mei syn soare kiel!

Dêr boppe wier de moanne lykwol net thüskomd sünder üngemak hawn to habben.

Hantsje-omme mastarsfeint, deselde dy't oer 'e krante-skriuwers

Sluiten