is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

him. Det died er, mar do't er seach ho't se him bistellen hiene, bigoan er sa lüd to jammerjen, det it yen ta de teannen üt oangrize moast. „Nou, nou, hwet bearste! Bist fennacht siik wirden, detst der saraer hinne trüzele bist?" frege de ingel, dy't de alde wol lije mocht en graech it béste fen him tocht. Licht hie de moanne himsels wol skjin lige kinnen; de wirden waerden him suver yn 'e müle jown. Mar hy wier in rjucht-üte man. Dêrom fortelde er alles krekt sa't it bard wier, hy hold neat bynefter en die ek nin war om in oar swart to meitsjen. Do't er alles opbychte hie, knikte Gabe him frjeonlik oan. „Moai sa, alde!" sei er. „As men in dom ding dien hat, den der mar nin doekjes om wine; ljeaver rjucht-üt as de bargesnüt! It hie ek yette wol slimmer biteare kinnen; ien stap fierder en dou hiest oan kop en earen ta yn 'e barmsleat sitten! Mar, - dou hiest döchs in bytsje better op dyn iepenst wêze moatten; boerejonges is in min drinken for immen dy't to-wekker bliuwe en syn paed rjucht meitsje moat, wol

er net yn 'e nederlaech komme."

Det Gabe net mei de hiele wal ütfoel en him earder moed ynspriek, foei de moanne tige mei; hy hie oars al bang west det er foartynienen forgoed hjiljoun krije scillen hie. Gans bidaerder roan er nest de earts-ingel, allinne koed er 't net litte om üt en troch mistreastich nei syn striele-koker to sjên, dêr't sa'n soad fen dy skoandere strielen üt miste.

Gabe mirk det wol en sei op 't lést: „Ja man, dyn strielen dêr pronket de sinne nou mei, dy hast foart net wer. Yn 'e earste opslach scitte dy wol bihelpe moatte mei hwetst oerhalden haste."

— „Goant, hwet scille de minsken wol sizze?" sei de moanne. Hy skamme'him al, hwent ien fen syn forkearde dingen wier, det er tige fier mei himsels foart roan. Hy wier nou lyts man wirden, mar det in oar det merke scoe, dêr mocht er net om tinke.

„De minsken?" andere Gabe. „O, dy hiene wy lang al hwet minder ljacht fen boppen tatocht, sünt hja yn 'e forbylding binne det se seis sa'n bult ljacht jowe. Det treft goed; acht nachten skynste, krekt as ont nou ta, acht nachten bliuwst alhielendal wei, en twaris acht nachten scitte mar ien fen dyn beide heiten sjên litte, den kinst sa hwet krekt roun komme mei dyn strielen, tink 'k."