is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

— „Acht nachten alhiel net skine?" frege de moanne. „Och hearink!"

Ja" to'n earsten kin 't net oars," andere de ingel. „Mar fen distüd oan scitte by tiden oerdei al fen hüs gean; lit de sinne den ris in striel rugelje, den moast goed tasjên eft it faeks ek ien fen dines is.

_ ^Qoed," sei de alde dimmen; hy fielde wol det dit syn straffe wier.

Mar," forfette Oabe, „de sinne moat ek straf ha for det gekonkel mei de kweade. Altomets scille wy dy hjitte om twisken him en de ierde yn stean to gean. Sadwaende kinst al syn strielen opheine en der üt skifte hwet der fen dines by wêze mei. Sa scitte njunkelytsen wer ta eare en oansjên komme, bigrepen?

— „Ik bitankje jo," sei de moanne.

„Yn dyn frije nachten scille wy dy den yn dyn hüs biskoattelje, den "sitste, en den kinst yn oarder bringe, hwetst werotn krige hast; dêr scil fensels wol hwet fen det gleije sinneljacht yn bitize weze. Is dyn skynfet mei hear en fear wer yn oarder, lyk as fen aids, den moast üs der oansizzing fen dwaen; binne de minsken yn-tnd hwet better wirden, den kinne wy 't licht wol wer op 'e selde foet as ont nou ta bringe mei 't ljacht. Nou yette ien ding: ik scil prikken yn 't wirk stelle det nin ien Qaestmarder dy bynei komme kin, aerkins dy mar nei sette. Ik ha nin nocht oan dy aeksfeintepetroelje hjir hieltnd.

— „Krekt sa't jo tinkt!" seidealdsünderjhybigoan in alderglupensten pine yn'e holle to krijen, en naern foar him om noait nin drip boerejonges mear to drinken, al moast er den ek hielendal fortoarstkje.

„Ik bitankje jo ek for 't presintsje," hearden se efter hjarren. It wier de kweade, dy wier hjar nei-glüpt en hie hjar petear öfharke. „Tige bitanke for dy acht ierde-tsjustere nachten," forfette er, do't h]a forheftich omseagen; hy wreau yn 'e kloeren. f. , _

„Smoarge stjünkert, ünthald dyn dei!'' drige Gabe. Sunder fierder

nei Hantsje-om om to sjên, ried er nei hüs.

En de moanne stoep ek nei syn wente en foei dubeld fortrietlik op syn bultsek del; hy tocht mei ófgriis om 'e gemiene setten, dy t de divel ütheve scoe as hy der net by wier, om him foar 'e kroade to riden.