is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Det die Pibe. Hy loadse syn faem de oare jouns nei de feartswal ta en praette krekt salang det op 't lést hied er se yn 'e sloep. Do't hja de pölle foarby wieme, bigoan de jongfeint fensels oer trouwen, det hied er sa opsteld mei syn sister. To'n earsten woe de faem fen neat witte, hja wier like stiif en steech as altyd, al lustere er hjar ek noch safolle ljeave wirdtsjes yn. Mar ho fierder eft er roeide, nammers to hirder foroare det, en do't hja midden op 't Piel wieme en de moanne sa ynlike moai en helder op 't wetter skynde, do .. einou, do gyng 't dy twa dêr togearre krekt as oare feinten en fammen, dy't by sêft ljachtmoannewaer op 't wiid omfarkje. Hja waerden sa grien as gêrs, en do't hja werom gyngen wier alles yn 'e falden. Hja mirken der ek neat fen ho't de kweade, dy't alle nachten op 'e mar omstrünt, him tierge. Mar it wier sa, Hantsje-om wier min to sprekken. Hy stie by 't Yntsjemasleats-beaken mei de fusten oprölle en flokte det de loge der nei sloech. Hwent hy wit wol det al syn oanslaggen orndöch binne, as twa herten it togearre iens wirden binne en nou't er seach ho'n krêft eft de moanne yette hie, koed er op tomme en finger wol neirekkenje det er lang nin genöch hie oan acht tsjustermoanne nachten. Mar de moanne glimke wer ris blier, for 't earst nei de nachts det it sa'n rare marse mei him slein hie, en hy röp tsjin 'e kweade: „Sjuchst wol, heite? dy't to hird rint trapet himsels op 'e stirt!" En fen det sprekwird waerd üs maet yette helte malder, hwent hy wol net witte det syn rêch-bonke sa'n ein langer is as oare ljue hjarres.

Yn 'e Gaestmar en dêrby-om wit sünttiid elkenien wol ho't it komt det de moanne üt en troch in skoft sit. Jeltsje koe der hjar nou alhiel net mear oer stil halde. En hja binne der ek efter komd ho en honear't me mei yens faem oer trouwen prate moat. Nou hjit it op oare plakken wol det men jouns like goed in eintsje de dyk utgean kin togearre, om't it komt de moanne nou just net op 'e sloep oan, mar in echte Gaestmarder aeksfeint frijt ljeaver farkjende-wei, en dêr hald ik it ek mei, al ha 'k noait fen myn libben op 'e iel-aken fearn.

De minsken binne yet neat better as do't Gabe hjar minder ljacht tapartte. Dêrom net, de moanne hat syn strielen ek yet allegearre net werom; ear't er it safier hat, kin der hjir ünder in bulte foroarje.

Haerlem, 1900.