Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Rou en Trou.

Net malle lang forlyn kaem der op in Freed in boereman by Miedema's to Ljouwert de izerwinkel ynrinnen. Strie yn 'e klompen, de jas ünder 't kouwehier, in grauwollen doek om 'e hals, de ald siden pet skean foaroer op 'e holle, krekt as hied er in blynkape foar t iene each, in prümke efter 'e kiezzen.... Hawar! men scoene him earder for in kouwedriuwer oansjoen ha, as for in boer, hie der him nin silveren tabaksdoaze ta 't fêstjebüse ütstike.

Miedema stie krekt efter yn 'e winkel mei in pear hearen to praten. Hy gyng efter 'e toanbank, do't er seach det der folk kaem.

De boer sei boe noch ba. Hy steurde him yn 't minst net oan e ljue dy't er stean seach. Ticht by de doar stie in houten rek, dêr hingen snijseinen en al sok gerei oan, mei fen dy reinbógige briefkes der op; dy bigoan er foart nei syn ynkommen to lézen.

Miedema wachte efkes, de hannen fen siden op 'e toanbank, de holle sahwet skean, üt en troch de boppe-ein hwet foaroer, — de halding fen: „komt der hast hwet, ef scil ik it mar sizze." It die net folie fortuten, det op 't lést frege er:

„Wat musten jo hewwe, boer?"

_ n Ja, hwet ik sizze woe ha jy ek tsjiisraspen?"

It spande der om, det Miedema it laitsjen litte koe. Hwa rint nou om in tsjiisrasp nei in izerwinkel? Mar hy hold syn sinen yn bitwang; it klandysjeglimke bleau, en frjeonlik andere er:

„In keesrasp? Né, dan mutte jo by de blikslager weze; it spyt my, mar ik kan der jo niet an helpe!"

— „Net? nou, jow my den mar in pak trieneilen. Dy frouljue stjüre der yen ek mar op üt. Men kin gjin foet fen 't hiem wike, ef hja ha yen hwet to bistellen. Hwa wit ek altyd hwer't sok rêdding to keap is? Ik ha in mier oan dy stoaterske boadskippen."

Sluiten