Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

— „Nou, '1 is al soa'tjesegge. Wat soarte draednagels mutje hè?" „Fjüuwer-, fiif-toms, om dy roai, tocht my. Mar net to licht. Der

moat hwet oan hingje kinne, as men hjir ef dêr ris ien yn 't sket ef

yn in skürr'-stile slacht."

— „Dan su 'k al soa lief groate spikers nimme. Draednagels buge

soa gau." , ()

„Né, trieneilen wol 'k ha, dy wolle der better yn en ut.

It moasten dos trieneilen wêze. Miedema naem in mennich pakken üt 'e winkelkas efter him, en lei se op 'e toanbank. Op elk pak siet in munsterneil; de boer koe mar ütsiikje.

It dürre yet al efkes foar't er syn kar hie. Hy frege hofolle eft der yn elk pak sieten, hifke, skatte, meat, forgelike, en koe hast net

üt 'e rie komme, sa 't like.

Einlings hold er de han op in pak almeugend swiere seistoms,

en frege:

„Hwet gouwen dizze, sein jy?"

— „Fyftsjen stuvers."

„Djür!"

ja? It is de prys, dat koste se overal."

De "ponge kaem foar 't ljacht. Det is to sizzen: earst in grou ein byntsjern en in reabünte büsdoek. In foarsichtige boer stoppet de ponge altyd oan, as er Freeds nei de wykmerk giet. For 't weitögjen

en sa fensels. (

Wyls't de boer bitelle, kaem ien fen 'e hearen dy't efter yn e

winkel op Miedema wachten, in trêdmennich nei foaren. Hy hifke it

kofte pak spikers, det yette op 'e toanbank stie, en sei sa:

„Nou, dat binne goede sware, hor!"

— „Hen?"

„Goed sware draednagels, sei 'k."

„Wis en d ! Det moat ek!"

Eft de hear op hwet in oar biskie tidige hie, wit ik net, mar k leau for 't neist fen al. Do't de boer opstapt wier, sei er skodholjend: „Rou folk, dy boeren!"

ja, rou folk," andere Miedema, „mar oek wel trou folk. Dy

Sluiten