is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

man het wel in bitsje fan in Ulegaester boer dêr't ik kunde an hew, mar dy is wat ouder. Dat is oek soa'n forsen-ien in 't ankommen, mar deur en deur earlik en goedhartich, hoar! Dêr hè 'k ris in saek met had, dat sa 'k noait fergete. De inan kon my fan froeger. Jo wete wel, ik bin einliks oek gien Luwarder, mar fan Rinkeburen öfkomstich, dêr had myn ouwe hear in panfabryk, en soadoende ken 'k oek noch wel boerefrys, as 't der by Ieit "

De twade hear, al in moai jierrich man, dy't oan distiid ta neat sein, en heal öfwêzich harke hie, waerd opmerksum, do't er fen Ulegea praten hearde. Hy wier krekt ut Amerika komd; Miedema koe him net, en syn frjeon, de oare hear, wist allinne det er him Farmer neamde, en de compagnon wier fen syn aldste broer, dy't yn Chicago in greate saek hie. Sünt de deis foartiid wier de frjemdling by him ütfenhüs. Hy hie forteld, det er in Fries wier — nou, det wist Weltman al lang, üt brieven fen syn broer, — en det er ek yet hwet famylje ha moast, hjir yn 't lan. Dy woed er opsiikje. Mar hwer't syn sibben taholden, hied er net sein, en Weltman hie der net nei frege; de ütfenhüzer like hwet efterhalden.

Miedema gyng troch mei syn forhael.

„Nou, soa 'k seg, hy kon my dan goed. It sal nou in jaer of seuven leden weze, doe kwam-i hier ris in 'e winkel, doe wude-i my allienich spreke. Wy gongen tegare in't kamerke hiernaest, en doe begon er syn ferhael te doen. In fremde geskiedenis, mar in andoenlike! Hy sei: „Keapman, dêr is by uzes in jongkeardel, in smidsfeint, dy wol graech in eigen affearen ha. Mar hy moat holpen wirde, hwent hy hat nin sint yn 'e marse. Skieik moat er omke tsjin my sizze, hwent hy forkeart mei in sisters dochter fen my, en 't is fensels om trouwen to rédden. Myn sister is net ald wirden. Nei hjar forstjerren ha wy det famke nei üs nommen. Hja is by üs greatbrocht. Sjuch, det kaem sa, witts' jy: myn sweager, myn sister hjar man, hat nea net rjucht doge wollen, en dy is der ütnaeid nei Amerika, do hied er yn 'e herberge immen sa snien, det it rjucht kaem der oan to pas. Sünt ha wy nea wer hwet fen him fornomd. Hy liet üs Sjoukje sitte mei fjouwer berntsjes. Det stie der slim foar. It neiste folk hat hjar lykwol hwet mei troch de tiid holpen,