is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

„Och ziet-u kaptein," sei de Dubbele, „anders niks, ziet-u, maar '1 is 'n Fries!"

„Oooooo!" sei de kaptein, en mear seid er net.

Nou leit it wol yn 'e reden, det dy stille fint hast gjin Hollanner wêze koe, hwent stille Hollanners binne der net tsjok. Mar dêrom hoefde er döchs gjin Fries to wezen, wol? Tafallich wier er al ien, mar de kaptein syn „Oooooo!" wier safolle to sizzen as: „Dendocht it my gjin nij det er boe noch ba seit; fen in Fries kin men 't net oars forwachtsje." En det hat ommers roai noch liken?

Dit binne nou fensels in pear krasse stealtsjes, sa't se aldendei net foarfalle. Mar 't is döchs mar wier: in Fries dêr wirdt hwet sünders oan opmirken. Net allinne yn Hollan, né, yn 'e oare provinsjes fen üs lan ek, en binammen yn 'e sudlike.

In Fries skaeit der hwet üt. Der geane om utens ommers ek alderleije brike sechjes en forhaeltsjes fen üs.

Ho mei det yn 'e goedichheit komme? Binne üs Fryske frouljue faeks sa pronksk net as de Hollanske? Binne wy safolle snoader as de Hollanners, — ef safolle dommer?

Ik wit net.

Mar as ik myn bitinken sizze scil, komt it, om't de Friezen fen aids hwet in apart folksaerd hawn ha, dêr't men hjarren oan koe. Nou tsjinwirdich is det al lang sa slim net mear as 't plichte. In hopen dogge hjar bést om nearne minder op to lykjen as op in Fries. Binammen güds dy't in bulte omgong mei Hollanners ha.

Det slagget hjarren fensels altyd net like goed, hwent men kin yens oer-irven folksaerd sa mar net gau efkes üttsjen, lyk as in boerefeint syn seilbokse. Der sit gjin oar aerd ünder. Mar döchs is't wier det men langer, om it echte Fryske folksaerd to finen, op efteröfplakjes wêze moat, en net op greate doarpen, lit stean fen yn üs stêdden.

En dêrom woe 'k it nou krekt ris oer üs folksaerd ha.

Sjuch, as üs ald Frysk aerd der yet ynsiet sa't it der ynsitten hat, den hie 't neat nedich om der oer to praten; elkenien scoe den wol witte, hwet it is en ho't it him uteret. Mar 't Fryske fjür leit by forskaten al jierren