Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Dy habbe ek yn 'e earste pleats hjar algemien aerd.

Mar om nou foari in goed wird to finen for det algemiene minskeaerd, dêr ha 'k wol oan. Hwet tinkt jimme fen selskipswiet? De minsken meije graech byinoar wêze, — it folk mei graech by deljue komme, sa't wy gekjeijend sizze. Scoene der ek wol safolle selskippen wêze, as wy net sa selskipswiet wierne?

Om't de minsken sa'n selskipswiet aerd oer hjar ha, ha se ek noait gjin kribbekeurichheden under inoarren. Tsjiere dêr witte se net fen; it giet allegearre like goed en fredich ta. In fredich aerd ha wy dos ek. Fierders scoene men prate kinne fen in soarchsum aerd. De dieren libje der samar hwet op 'e rus hinne, op in inkeld bistke nei, in mier ef in bij bygelyks, mar de minsken tinke altyd om 'e dei fen moarn en fordogge noait gjin sint ünnut....

Hou. Ik krij for 't forstan det ik stadichoan de forkearde kant op redenearje. Sa moast it wêze, en sa meije wy 't graech for wier fortelle fen us-sels, mar sa is 't üngelokkich altyd lang 'nt.

Mar hawar, ik hab nou gjin doel, om 'e wrakke steden oan 'e apel fen üs minskebistean oan to wizen. Dy apel is nou ienkear net fier fen 'e stamme fallen, mar dêr is ek neat oan to foroarjen, dêrom scil 'k mar fen üs algemien aerd öfstappe.

Elk minske hat ek wer syn bisünder aerd, — det der binne einliks likefolle aerden as minsken. Twa gelikense to finen, det scil der swier ynhingje. Wy prate bygelyks fen in goed aerd, in goederjowsk aerd, in sêft aerd, in byderhant aerd, — dy aerden ha wysels altyd. Fierders fen in min aerd, in gierrich aerd, in grimmitich aerd, in koallich aerd,— dêr binne oare minsken al folie mei oanhelle. Twisken dy utersten fynt men in earnstich aerd, in fleurich aerd, in bizich, koartswilich aerd, en al sa mear. Aerden genóch. 't Minste is, det men elk wol sahwet neffens syn bisünder aerd bijegenje moat, — heine en slaen neame wy det, — oars is poetsje 't each üt!

Den hat fierders elk soarte fen minsken syn bisünder aerd.

Skippersaerd is hastich. Det üteret him meastal op 'e menear fen 't bikende sechje: „Dizze wei 't roer, ljeave! — Dizze wei Kike! — Dizze wei Griet! — Dizze wei büm!" scil 'k mar sizze.

Sluiten