is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

It aerd fen stêdljue en plattelansminsken rint ek gans ütinoar. Stedtsjers binne foarearst al lang sa nijsgierrich net. Fierders binne it folie mear minsken fen saken. En einlings en to'n lésten ha se ek hwet oer hjarren det net mei ien wird oan to tsjutten is. Op in drokke merkedei yn ien fen üs Fryske wraldstêdden (Snits tink 'k) moat in stêdman ris sein ha: „It is allegare boeren in 'e stad; min kan gien mjens sien!" En as er 't net sein hat, hat er it tocht. Mar sa binne se nou, woe 'k mar sizze.

III.

Sa hat elk den al sa hwet syn bisünder aerd. En 't is ek mar grif wier, det it aerd fen minsken dy't ticht byinoar wenje, in bulte oerienkomste hat. Ho't dit komt, is gau to bigripen: hja libje op 'e selde groun, ha de selde bilangen; ja, binne fakentiids fen 't selde laech.

Dêr komt it ek mei fen, det men ljue üt itselde doarp, deselde stêd, ef deselde krite ünder ien hoedtsje biflapt mei in skelnamme ef in geklik forhaeltsje.

Dêr hat men nou bygelyks de Hageners. Dy wirde yn Hollan „windhappers" neamd, en der wirdt ek rounforteld, det se noait oan 't miel binne sünder in skinke op 'e tafel, al scil 't op 't lést ek in houtene wêze. Dy't alris yn Den Haech west hat, wit det der reden for is, om hjarren soks nei to jaen. Eft it komt, om't de Keninginne der wennet en it hiele lansregear der syn tinten opslein hat, ef det it him oan hwet oars leit, — ik doar it net ütmeitsje, mar wier is 't det de ljue dêr hwet greatsk binne.

In Amsterdammer is wer mear floatich en fleurich tsjin alle minsken. Mar oan syn aerdigens

Hou efkes. Hwet stiket der efter it léste wird wer in kostlik stikje eigen lof! Aerdigens is de ütering fen in minskeaerd, wier? En sa min wol 't in minske oan, det er in forkeard aerd ha kin, det dit wird oars net foarkomt as yn in ginstige bisjutting. Det immen forkeard docht, is.... neat net aerdich, det is to sizzen: sa'n ien giet einliks net neffens syn aerd to wirk.... O dy tael! Sa'n forrieder as dèt is!

Nou, mar oan 'e aerdigens den fen in Amsterdammer is döchs in