is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

bysmaekje: hy mei yen bidroefde graech fiele litte det Amsterdam Amsterdam is, ef „Groot Mokum", sa't hysels syn stêd jamk neamt, en det er ljue üt alle hoeken en hemen fen 'e wrald to wirden west hat. As Justus v. Maurik yn „Het dinée van Manus" dy Amsterdamske kruijer sizze lit: „O yes mesjeu, iek sprasse alle sprassen !" ef soks sahwet, teikenet er de Amsterdammer moai lyk sa't er is.

De Oeriselders geane for tige deun. Hja tille mei in heale sint om, krekt as is 't in balstien. In Oeriselske boer sloech ris in oaren-ien op in bytsje nei dea. Hy rekke yn foar-arrest en hie ek grif in jiermennich forgoed ünder 'e blauwe pannen rekke, as men him net in baes abbekaet biskikt hie, dy't him frij pleite. En det hielendal sünder ünkosten fensels, hwent as men in abbekaet fen 't rjucht kriget, kin er yen neat ófnimme. Sa'n man docht det den „pro Deo," ef om 'e godswille, det is safolle to sizzen as net om syn eigen. As er syn eigen wille bigyng.... hawar, den stiek er gjin finger om yen yn 'e yeske. — Nou, neitiid kaem dy boer mei syn wiif by de abbekaet op 't kantoar, om minhear to bitankjen. Hy stiek teffens de han yn in great baelsek, en helle der in pear plókke einfügels ut, sa skraitsich, det men koene se wol trochljachtsje. Det wier syn presintsje, syn offer op 't alter fen 'e tankbrens.

„Och m'n beste vriend," sei de jonge rjuchtsgelearde, dy't skik yn 't gefal hie, „dat is immers veel te veel!"

Do sei de boer tsjin syn wiif: „Nau vrauwe, wat 'ew 'k oe 'ezeid toe-we nog tuus wéren ? 't Is vuls te vuile! menier zeg 'et zuivers ök!" Dêrmei liet er ien fen 'e geramten wer yn 'e sek glide.

Men bigrypt, det sa hat elk folk syn bysünder aerd ek: syn folksaerd.

De Fransken binne wif en los ; dy sette it folletiids op in luftich sin. De Itaeljanen binne hetsich, hjit fen bloed; dy geane yen al oan 't libben, as men mar efkes nei hjarren wiist. In Spanjert is greatsk: in Spaenske bidler stapt like eptich oer 'e wei, as in Hollanske miljonair. In Ingelskman is ek greatsk, mar hiel oars; dy mient det de wrald om him ütfoun is. In Dutsker is sentimenteel fen aerd, mar ek wol